Ferfallen skuorre yn Sibrandabuorren yn de brân

21 nov 2020 - 08:53

In ferfallen skuorre oan de Mardyk yn Sibrandabuorren stie sneontemoarn betiid yn de brân.

Foto: Srfotografie

De brânwacht fan Akkrum hie it fjoer gau út.

De plysje hat sjoen oft der noch minsken yn de skuorre wienen of yn de pleats dêrneist. Dat wie net sa. Wol stie in auto op it terrein. De plysje siket út hoe't de brân ûntstean koe en wa't de eigener fan auto is.

Trefwurden: 
brân skuorre Sibrandabuorren
(Advertinsje)
(Advertinsje)