Motorrider ferstoarn oan ferwûningen nei ûngelok by Snits

21 nov 2020 - 08:40

De motorrider dy't freedtejûn op de Lemmerweg (N354) by Snits swierferwûne rekke by in iensidich ûngelok is letter oan syn ferwûningen ferstoarn. It giet om in man fan 25 jier út Ljouwert.

Foto: CAMJO media

Hy wie troch in noch ûnbekende oarsaak ûnderút gien by in rotonde en is ûnder begelieding fan de trauma-dokter nei it sikehûs yn Grins brocht.

Trefwurden: 
ûngelok Snits
(Advertinsje)
(Advertinsje)