Kollum: "Frou mei mûlkapke yn de tsiiswinkel"

"It wurdt heech tiid foar in fleurige feel good kollum. Sis no sels, we wurde mei syn allen mar in griis, jankerich folkje. Alles dat earder wol mocht mei net mear en nimmen liket der mear echt de fleur yn te hawwen. As ik yn myn buske op wei bin nei myn wurk, sjoch ik inkeld tryste gesichten yn de auto's dy't ik tsjinkom.
Ferdinand de Jong © Omrop Fryslân
De toan fan Ferdinand de Jong
Soms sitte wy tegearre yn de auto en besprekke ús tsjinlizzers, mar echt nocht ha se der sa foar it each net oan. Ek it folk dat op de stoepen rint of fytst, strielet meast net fan ear oant ear. As je dy útdrukking op de gesichten teminsten noch sjen kinne, want ja, der binne sels minsken dy't op de fyts yn de bosk fan Oranjewâld in kapke foar de mûle ha. De tiid dat je op de fyts lêst fan miggen ha dy't jo yn de mûle fleane is ein novimber wol aardich oer, dus sille se dy kapkes mei in oare reden drage.
In fleurige kollum oer mûlkapkes. Kin dat? Jawis, want it is sa no en dan om jou de bûsen út te skuorren. Sa wie ik ferline wike even nei de tsiisboerinne hjir yn it doarp. Aardige froulju en se ha hearlike soarten tsiis yn de fitrine. Ik bin fan de ekstra belegen Goudse, dat past moai by myn leeftiid.
As jo de winkel ynstappe, binne dêr de nije oardelmeterstikkers, it boerd mei de spulregels, de plestik skermen en fierder is der noch gewoan tsiis te keap. It is der altyd drok, sa ek dizze kear. Der stie sels ien braaf foar de winkel te wachtsjen, want tefolle tagelyk binnendoar is net mear it nije normaal. Ik stie as tredde yn de rige. Foar my in man fan in jier as sechtich en as earste wie in frou fan aardich boppe de santich oan bar. Se hie djoere klean oan, ja dêr ha ik doel oer, in blau kapke foar de mûle en in reiden koer yn de hân.
It wie in kreaze frou foar har jierren, mar dat seach ik earst dus net. Doe't de tsiisboerinne frege wa't se helpe koe, sette de dame in stap nei foarren en luts har mûlkapke even nei ûnderen, grif yn de ferûnderstelling dat se har oars net ferstean koenen. Se bestelde op heldere toan in stikje tsiis, sei trije kear mei klam dat it wol wat grutter koe en doe't de tsiisboerinne einliks op it goede plak it mes der yn sette, die se it kapke wer foar de mûle.
De tsiisboerinne en ik hienen even eachkontakt, mar wy lieten fierder neat blike. Op de fraach oft der oars noch wat komme moast, antwurde de frou nee, mar net foardat se it kapke earst wer even nei ûnderen helle. Kreaze manieren, ik kin it net oars sizze. It stikje tsiis koste seis euro, mar se ferstie it de earste kear net. Dus lei se de beurs wer yn har koer, luts foar de tredde kear it stikje doek foar de mûle wei en frege wat de tsiisboerinne sei.
Se betelle op in tige nijmoadrige wize, troch de pas wat foar it pin apparaat del te striken. Doe't se it stikje tsiis yn de koer lein hie, luts se noch fluch even it kapke foar de mûle wei om eltsenien hiel fleurich en fatsoenlik in goed wykein ta te winskjen. Bûtendoar reinde it licht, foardat se de doar út wie, lei se it kapke yn de koer en luts der in stikje kleed oerhinne.
"Sa, dan kin ik him in oare kear wer brûke", sei se tsjin my, op tritich sintimeter ôfstân. Se tikke my even tsjin de earm. "Jo ha in moaie bosk krollen, dy hie myn man earder ek." Doe sette se de stap der yn, troch it reinige novimber waar op reis nei hûs. Ik hoopje dat de tsiis har goed smakke hat en dat se 100 wurde mei."