Marijke Groenewoud op 'ûntdekkingstocht' by earste start op NK allround

21 nov 2020 - 08:00

Reedrydster Marijke Groenewoud begjint sneon oan har alderearste NK allround. De 21-jierrige Hallumer hopet de goede line fan it NK ôfstannen troch te setten. Doe ried se op trije ôfstannen trije kear in nij persoanlik rekôr.

Foto: Orange Pictures

Groenewoud krige in oanwiisplak foar it NK allround. Takom wykein moat se wer oan de bak. Dan foar it NK sprint, dêr't se har earder foar pleatste. "Beide NK's ryd ik foar de earste kear. Ik kin sa moai wedstriden ride, ûnderfining opdwaan", seit Groenewoud. "Op it NK sprint ferlies ik altyd tiid op de 500 meter, mar dêr kin wol wer in goede tûzen meter delsette."

Yn foarm

Oft de foarm like goed is as by it eardere NK ôfstannen wit se net, mar fit is se al: "Ik fiel my goed. Ik tink ek dat ik der der goed foar stean. Ik moat no yn foarm wêze. Dit is it NK. Je moatte goed wêze. Ek om't der kwealik wedstriden binne."

It NK allround wurdt foar har ek in ûntdekkingstocht. Sa hat se net in soad ûnderfining mei it riden fan trije kilometers. Mocht se dêr by de earste acht ride, dan moat se ek de fiif kilometer ride. Dat is in ôfstân dy't se noch net earder riden hat.

As maratonrider kin se de ôfstân wol oan, wit Groenewoud: "Mar dat is wol oars. Dan rydst mei in groep en no bist allinnich oan it riden."

Marijke Groenewoud

It NK allround live is dit wykein te folgjen by Omrop Fryslân op de radio fan 13.30 oere ôf.

(Advertinsje)
(Advertinsje)