Brûnzen byld fan stabijhûn ferdwûn út Ljouwerter Rengerspark

20 nov 2020 - 22:30

It brûnzen byld fan in stabijhûn is ferdwûn út it Rengerspark yn Ljouwert. By de yngong fan it park oan de Rengerslaan stiene twa bylden fan Fryske hûnerassen. De wetterhûn stiet der noch, mar it oare byld is fan de sokkel seage en meinaam. De Nederlandse Vereniging voor Stabij- en Wetterhounen hat oanjefte dien.

Foto: Omrop Fryslân, Sybrand Grasdijk

De feriening hat de twa bylden yn 1988 skonken oan de gemeente Ljouwert. De bylden, makke troch byldhouwer Gerda van den Bosch, binne in earbetoan oan de Fryske hûnerassen mei as doel om se yn stân te hâlden. "We binne bot skrokken en teloarsteld", sa seit Tom Bouma, ien fan de eareleden fan de feriening. Hy tinkt dat it byld yntusken omsmolten is en dat se it net wer werom sjogge.

In nij byld meitsje kostet in soad jild, seit foarsitter Jan Anton Koers: "Het is voor ons een behoorlijke domper. We zijn financieel niet draagkrachtig om een nieuwe beeld neer te zetten." Koers hopet dan ek dat de gemeente in potsje hat om it byld neimeitsje te litten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)