'Seis jier lang gjin fytsers en kuierders oer Ofslútdyk is ûnakseptabel'

De Ofslútdyk moat gau wer iepen gean foar fytsers en kuierders. Dat fine ferskate fyts- en kuier-organisaasjes. Sy roppe de Twadde Keamer op om har moandei oer de saak te bûgen. Neffens de belutsen organisaasjes is it ûnakseptabel dat de Ofslútdyk seis jier lang ticht bliuwe sil fanwegen in ienfâldige ûntwerpflater.
De lêste fytsers oer de Ofslútdyk © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Minister Van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat hat ôfrûne tongersdei de Keamer op de hichte brocht fan de plannen oer de Ofslútdyk. Ut har brief die bliken dat de dyk noch jierren ticht bliuwe sil foar de fytsers en kuierders, fanwegen in flater yn it ûntwerp. Takom moandei sille se yn Den Haag nei de brief fan de minister sjen.
Direkteur Esther van Garderen fan it Fytsersbûn, fynt dat de fytsers en kuierders no troch de minister oan de kant skood binne. "Het is voor deze minister kennelijk een vanzelfsprekendheid dat auto's altijd boven fietsers en wandelaars gaan", lit sy yn in reaksje witte. "Dat zou in Nederland toch wel voorbij moeten zijn? Als er niet heel snel een oplossing gevonden wordt, dan kijken we ook naar andere middelen."

Rjochtsaak

Earder fierde it Fytsersbûn al in rjochtsaak tsjin it tichtgean fan de Ofslútdyk, en ek tsjin it feit dat fytsers en kuierders allinne mei de bus oer de Ofslútdyk kinne. Dy saak hawwe se ferlern. Dochs wie de ferwachting doe noch dat de Ofslútdyk inkeld trije jier ticht bliuwe soe. Dat it no om seis giet, feroaret de saak, fine meardere kuier- en fytsorganisaasjes. "Juist in deze coronapandemie willen mensen zo veel mogelijk wandelen. De Afsluitdijk is een belangrijke, uitdagende etappe in onder andere het Zuiderzeepad", seit direkteur Ankie van Dijk fan Wandelnet.
Arjan de Vries, direkteur fan wielersportbond NTFU: "De Afsluitdijk is voor wielrenners een belangrijke schakel in het rondje IJsselmeer. Het wordt hoog tijd dat Rijkswaterstaat opdracht krijgt met creatieve oplossingen te komen, die zijn er genoeg. Wij als belangenbehartigers denken graag mee."
Ek direkteur Eric Nijland fan it Fietsplatform fynt dat de Ofslútdyk echt te lang ticht bliuwe sil: it trije jier wachtsjen wie al lang, mar de seis jier fynt hy ûnakseptabel. "Er lopen heel veel belangrijke fiets- en wandelroutes over de Afsluitdijk. Nu we steeds meer in eigen land recreëren zijn die onmisbaar. We roepen de Tweede Kamer dan ook op om de minister te vragen snel met voorstellen te komen."