Piet Adema yn It Polytburo: 'Nije Cambuurstadion rint slimme fertraging op'

20 nov 2020 - 21:02

No't projektûntwikkelder Wyckervest him weromlutsen hat út de nijbou fan it Cambuurstadion rekket it hiele plan slimme fertraging op. Dat seit Piet Adema, foarsitter fan de Ried fan Kommissarissen fan it WTC yn Ljouwert, ien fan de belutsen partijen. Nei sân jier fan plannenmeitsjen liket it der op dat rekken hâlden wurde moat mei jierren fan fertraging, en dan moat der noch in nije projektûntwikkelder fûn wurde. De nammen fan boubedriuwen Dykstra Draaisma en Van Wijnen wurde yn dat ferbân neamd. Is de konklúzje dat it stadionplan sa't dat der no leit finansjeel net út kin?

Besjoch hjirûnder de folsleine útstjoering fan It Polytburo:

(Advertinsje)
(Advertinsje)