Fûgelgryp yn park Grou: lytse tweintich einen en in pau romme

20 nov 2020 - 21:00

Yn it Wilheminapark yn Grou binne meardere fûgels romme, fanwege in útbraak fan de fûgelgryp. It is foar it earst dit jier, dat dat nedich is yn Fryslân. In lytse tweintich einen en ien pau wiene besmet rekke mei it firus. In foliêre mei tsientallen oare fûgels is wol rêden.

Foto: Shutterstock

By de earste sike ein begûnen de alarmbellen al te rinkeljen by Sabine Vriesema, in frijwilliger yn it park: "Wy sitte yn de tiid fan it jier dat de fûgelgryp hurd rûn giet. By de twadde sike fûgel seagen wy eins alle symptomen dy't by de gryp hearre, doe hiene wy ús antwurd al."

Gjin kar

De sike fûgels hiene de meiwurkers fan it park al romme doe't de NVWA (Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit) bekend makke dat de rest fan de einen ek romme wurde moasten. "Foar alles dat al siik is, hast gjin kar mear, der is gjin genêzing mooglik."

In foliêre fol mei fûgels yn it park hoegde lokkigernôch net romme te wurden, dêr wiene al tariedingen troffen om de gryp bûten te hâlden.

"It is stil"

Sûnder de nuete muskuseinen, fielt it park foar Vriesema ûnwêzentlik oan. "Ik ha krekt ek noch in rûntsje troch it park west, en it is wol echt stil. It is leech", fertelt se.

Oer nije einen wurdt foarearst noch net neitocht: "De winter is net de tiid om nei te tinken oer nije bisten, foaral net salang't de fûgelgryp yn it lân is."

Sabine Vriesema oer de fûgelgryp yn it Wilhelminapark

(Advertinsje)
(Advertinsje)