Johnny Jansen oer wedstriid tsjin RKC Waalwijk: "Ik ga niks veranderen"

20 nov 2020 - 20:00

Johnny Jansen lit syn alvetal yntakt foar de útwedstriid tsjin RKC Waalwijk. Dat betsjut dat deselde ploech dy't kânsleas mei 0-3 ferlear fan AZ it tsjin RKC sjen litte mei.

Sjoch hjirûnder nei it ynterview mei trainer Johnny Jansen:

Jansen: "Iedereen is goed terug gekomen van de interland periode. We hebben vandaag (freed, red.) de coronatesten weer gehad. Morgen krijgen we daar de uitslag van en dat is altijd wel weer even spannend. Maar ervan uitgaande dat iedereen fit is, gaan we niets veranderen."

RKC Waalwijk

No't de ynterlânperioade der wer op sit, kin de blik rjochte wurde op 'e kompetysje. SC Hearrenfean nimt it sneintemiddei om 16.45 oere op tsjin RKC Waalwijk. Dy ploech stiet 15e en hat dizze kompetysje noch mar ien kear wûn.

Jansen: "We hebben de beelden van RKC bekeken. Ze willen graag van achteruit wil voetballen, dat geldt ook voor de keeper. Ze hebben dan misschien nog niet zoveel punten gehaald, maar ze spelen wel met 2-2 gelijk tegen Feijenoord. Dat is niet voor niks."

Ze spelen met 2-2 gelijk tegen Feyenoord. Dat is niet voor niks.

Johnny Jansen

Kamil Miazek

Yn de syktocht nei in twadde doelman, is Gerry Hamstra útkaam by Kamil Miazek. Miazek spile yn de jeugdoplieding fan Feijenoord. De lêste trije seizoenen stie hy ûnder kontrakt by Leeds United, mar dêr krige hy gjin nij kontrakt. Dizze wike wie Miazek op proef by Hearrenfean.

"Zolang Erwin (Mulder, red.) fit blijft is er geen keepersprobleem. Maar op het moment dat hij geblesseerd raakt en er een aantal wedstrijden uit is, dan hoop je wel dat je een vervanger hebt. En dan zou Miazek dat probleem kunnen oplossen, maar dat beslissen we met elkaar", sa seit Jansen.

Opstelling SC Hearrenfean: Mulder, Floranus, Van Hecke, Bochniewicz, Woudenberg, Kongolo, J. Veerman, Batista Meier, Nygren, H. Veerman en Van Bergen.

De wedstriid is sneintemiddei om 16.45 oere live te folgjen yn it radioprogramma Snein yn Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)