Judoka Natascha Ausma wachtet yn har hotelkeamer op EK yn Praag

Sûnt woansdei is judoka Natascha Ausma fan Lippenhuzen al yn Tsjechië. Dêr wachtet se op har hotelkeamer oant it momint dat se sneontemoarn de dojo yn Praag yn mei. De coronamaatregels foar it EK binne strang, mar Ausma hat it der graach foar oer. "Ik bin al bliid dat ik wer in wedstriid judoje mei."
Natascha Ausma op har hotelkeamer yn Praag © Eigen foto
Dat Ausma meidocht oan it EK yn Tsjechië kaam as in ferrassing. Se stiet nei har brûnzen medalje by de Grand Slam yn Boedapest 41e op de wrâldranglist yn de klasse oant 78 kilogram. Troch de blessuere fan Guusje Steenhuizen kaam Ausma lykwols yn byld.

Foarm by Grand Slam trochsette

Wannear't de skiedsrjochter sneon hajime (begjinne mei de wedstriid) seit is Ausma der klear foar: "Ik hoopje dat ik myn foarm fan ein oktober trochsette kin," fertelt se oan de telefoan op har hotelkeamer. It earste obstakel op it EK foar Ausma is fuortendaliks in drege tsjinstanner. Se nimt it sneon op tsjin Aleksandra Babintseva, de nûmer 16 op de wrâldranglist en Ausma har tsjinstanner doe't se har brûnzen medalje pakte by de Grand Slam yn Boedapest. "Ik wit fansels ek dat it net in maklike partij wie. Dat gie noch trije minuten yn ekstra tiid troch. It sil dus opnij wol wer hurd knokken wurde," seit Ausma selsbewust.
Hear hjir nei Natascha Ausma fanút har hotelkeamer yn Praag

Wer yn karantêne

Tsjechië jildt as risikogebiet en hat koade oranje. As de judoka's nei it toernoai wer weromkomme sille se earst wer 10 dagen yn karantêne moatte. "Ik gean dan werom nei Lippenhuzen. Wy komme út oranje riskiogebiet dus wy sille wol moatte," fertelt se.
Besjoch hjir hoe't Natascha Ausma brûns wûn:
Judoka Natascha Ausma pakt brûns op grand slam yn Boedapest

Tornike Tsjakadoea

Natascha Ausma is net de iennige Fries op dit Europeeske kampioenskip judo. Tongersdei kaam Tornike Tsjakadoea al yn aksje yn de klasse oant 60 kilogram op it toernoai yn it Tsjechyske Praag. Hy ferlear nei trije straffen fan de Oekraïner Artem Lesiuk. Dat is in tige teloarstellend resultaat foar Tsjakadoea, dy't tocht dat er meidwaan soe om de medaljes.

"Wol noflik sa'n lege hal"

De lege dojo yn Tsjechië is foar guon judoka's wennen. Foar Ausma lykwols net. Se kin har better konsintrearje as der gjin publyk by is. "Want ik fyn it wol lekker rêstich. Ik fyn it sa noflik dat ik net ôflaat wurd. Miskien hellet it wol it bêste yn my nei boppe."