Jier sel easke tsjin Snitser (19) dy't manlju op 'e holle skopte en sprong

20 nov 2020 - 19:15

It Iepenbier Ministearje hat freed in selstraf fan in jier plus in heal jier ûnder betingst easke tsjin in 19-jierrige ynwenner fan Snits dy't belutsen wêze soe by de slimme mishanneling fan twa manlju yn de nacht fan 2 augustus, op de Looxmagracht yn Snits.

Rechtbank Noord-Nederland (RNN) yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

In Amsterdammer en in ynwenner fan Utrecht, beide 28 jier, binne dy nacht mishannele. De Utrechter krige klappen en waard yn de grêft goaid. De Amsterdammer krige as earste in skop tsjin syn holle, wêrnei't ien fan de dieder in oanrin naam en op de holle fan de man sprong.

Nei't de plysje de bylden fan de mishanneling online sette, kamen fia Meld Misdaad Anoniem ferskate tips binnen wêryn't de namme fan de Snitser as ien fan de dieders neamd waard. Hy soe de persoan west ha dy't it slachtoffer skopt hat en op 'e holle fan de man sprong is. De fertochte ûntkent. Hy ferklearre dat hy dy jûn mei syn âlders op stap west hat.

De offisier fan justysje tinkt dat de ferklearringen fan de tsjûgen betrouber binne, en neamt de ferzje fan de fertochte "ongeloofwaardig". De Snitser is in oefene fechtsporter, just dat makke de kâns op slim letsel neffens de offisier allinnich mar grutter. "Hij kan harder schoppen dan de gemiddelde man van zijn leeftijd", sa sei de offisier.

De rjochtbank docht oer twa wiken, op 4 desimber, útspraak yn dizze saak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)