Tsientallen auto's bekrast op It Hearrenfean: "Pak dan pinne en papier"

20 nov 2020 - 17:16

It is de nachtmerje fan elke autobesitter: moarns by de auto komme en dan sjen dat dy folslein bekrast is. Op It Hearrenfean is dat de realiteit. Dêr wurde al wiken auto's fernield. "Myn folsleine dak sit derûnder", fertelt de Feanster Janneke Buisman. "As je sa graach tekenje wolle, pak dan pinne en papier." De gemeente is der klear mei en set ekstra befeiliging yn.

Bekrassing auto Hearrenfean

"Je skrikke der al efkes fan", seit Buisman wylst se mei in grutte boadskiptas nei har auto rint. It is net de auto dy't skansearre is. "Dy auto is op it stuit fuort foar kontrôle. Dan sille we sjen hoe grut oft de skea is. Dy sil tink ik net tafalle. Ien hat mei in skerp foarwerp it dak derûnder krast en rûntsjes en strepen op de motorkape makke."

Buisman hat gjin idee wa't de dieders wêze kinne. "Soks bart ek midden yn de nacht of op de jûn. Dan sjochst it net. Je wurde der sa lilk fan. Ik tocht earst dat it oan my rjochte wie, mar doe seach ik op Facebook dat der folle mear minsken wiene. Hjir op de buert falt it ta gelokkich, mar yn ferskate strjitten hat hy of sy taslein."

Ekstra kontrôle

It kloppet dat Janneke net de iennige op It Hearrenfean is. Sûnt oktober hawwe der, ferspraat oer it doarp, tsientallen fan sokke fernielings west. Foar boargemaster Tjeerd van der Zwan is it reden om de befeiliging yn de wiken op te skroeven. "Er zal extra controle komen. De politie surveilleert meer", seit hy.

Ek buertbewenners wurdt frege ekstra op te letten. "Want dit onacceptabel. Het is een zinloze vernieling, maar wij zijn echt bezig om het toezicht te verscherpen en de dader te pakken", ferfolget de boargemaster. "Het kan niet anders of deze loopt tegen de lamp. Ik zou dan ook willen zeggen tegen de dader: we pakken je."

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort op It Hearrenfean

(Advertinsje)
(Advertinsje)