Fjouwer auto's yn kettingbotsing yn Drachten

20 nov 2020 - 16:54

Op de Noorderhogeweg yn Drachten binne freedtemiddei fjouwer auto's op inoar botst. It ûngelok barde om 14.30 oere hinne, krekt foar in rotonde.

Foto: De Vries Media

Ien fan de bestjoerders is troch ambulânsepersoniel behannele en dêrnei ôffierd nei it sikehûs. De oare bestjoerders en ynsitters hoegden net nei it sikehûs ta.

De skeinde auto's binne fuortsleept. Hoe't it ûngelok krekt barre koe, is net dúdlik.

(Advertinsje)
(Advertinsje)