Karbidploegen folop yn tarissing foar de jierwiksel

20 nov 2020 - 16:37

Karbidploegen yn it noardeasten fan Fryslân binne al drok dwaande mei de tarissings foar de jierwiksel. Yn Westergeast binne se al in hiel ein en hawwe se de fergunning fan de gemeente Noardeast-Fryslân al rûn. Moandei wurdt noch op lanlik nivo oerlein oer de regels by it karbidsjitten, dus it is foar de ploech noch efkes ôfwachtsjen oft se ein desimber knalle meie.

De animo foar it karbidsjitten liket mei troch it fjoerwurkferbod yn it hiele lân ta te nimmen. Karbidsjitten falt oant safier net ûnder de fjoerwurkregels, en dus soe dat aanst gewoan mooglik wêze moatte. Piebe Jan Bijlstra hopet der út namme fan de karbidploech fan Westergeast yn elts gefal wol op.

"Wy hawwe al kontakt hân mei de gemeente", fertelt Bijlstra. "Wy hawwe doe in coronaplan makke en ynlevere. Dat is goedkard, en wy hawwe dus yn prinsipe in fergunning om te sjitten. As it fan it ryk ek mei dan."

It karbidsjitten is populêr yn it doarp. Der komme altyd in soad minsken op ôf. "Ik soe net iens ien betinke kinne dy't der net komt, sa moai fine de minsken it. It libbet hiel bot yn Westergeast."

Molkbussen

It is noch wol efkes ôfwachtsjen foar de karbidploegen. Mar Menno Wiersma fan Feanwâlden yn de gemeente Dantumadiel hat it der wol al drok mei. Hy ferkeapet sûnt foarich jier as hobby molkbussen. "Fan 'e wike ha ik it foar it earst op Facebook set. Der wie doe al in soad animo foar, mar it is no wer even wat rêstiger. Mar aansten mei de krystdagen, dan wurdt it wer in gekkeboel."

(Advertinsje)
(Advertinsje)