Provinsje en wetterskip klear foar tredde faze ferbettering wetterkwaliteit

20 nov 2020 - 16:11

De provinsje en it wetterskip hawwe de plannen klear foar de ferbettering fan de wetterkwaliteit yn Fryslân tusken 2022 en 2027. De plannen foarmje de tredde faze fan de Kader Richtlijn Water dy't yn 2009 úteinset is. De bedoeling hjirfan is om de wetterkwaliteit yn de provinsje te ferbetterjen en te beskermjen, it wetterpeil te behearskjen en it bioferskaat yn it lânskip te ferheegjen. Ek wurde de gebieten dêr't de maatregels yn nommen wurde better tagonklik foar fisken, bygelyks troch de oanlis fan fiskstrappen.

Provinsje en wetterskip klear

Neffens Otto van der Galiën, lid fan it deistich bestjoer fan it Wetterskip, is der sûnt 2009, doe't de earste maatregels naam binne al in soad berikt. It wetter is folle skjinner wurden en ek it bioferskaat is flink tanaam troch in oar behear fan it lânskip. Wol binne der noch soargen oer de mineralen dy't yn 'e grûn sitte. De doelstelling om dizze út de grûn te krijen yn 2027 sil net helle wurde.

Ferslachjouwer Gerrit de Boer yn petear mei Otto van der Galiën

Otto van der Galiën - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Foar de plannen fan 2022 ôf is 54 miljoen euro beskikber. In part hjir fan wurdt brûkt foar it op 'e nij ynrjochtsjen fan it lânskip. In oar diel is bedoeld foar it ûnderhâld fan de gebieten dy't sûnt 2009 oanpakt binne. Sûnder dat ûnderhâld giet al it wurk dat dien is wer ferlern. De plannen sa't dy der foar de kommende jierren betocht binne wurde yn 2021 foarlein oan de boargers en oare belanghawwers. De definitive ferzje wurdt ein takom jier fêst lein.

Yep Zeinstra, projektmanager Koningsdiep - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Ferslachjouwer Gerrit de Boer yn petear mei projektmanager Yep Zeinstra fan de provinsje

(Advertinsje)
(Advertinsje)