Trije ferwûnen nei ûngelok op N361 tusken Eanjum en Lauwerseach

20 nov 2020 - 15:45

Op de H.M. Gerbrandywei (N361) tusken Eanjum en Lauwerseach is freedtemiddei in ûngelok bard tusken in auto en in bestelbuske. Dêrby binne trije persoanen ferwûne rekke.

Foto: De Vries Media

De brânwacht fan Eanjum, in twatal ambulânses en de plysje kamen op it ûngelok ôf. Ek de traumahelikopter waard oproppen.

By it ûngelok rekken trije persoanen ferwûne. Sy binne oerbrocht nei it sikehûs.

De dyk is yn beide rjochtingen ôfsletten. Der is dêrtroch yn beide rjochtingen file ûntstien.

(Advertinsje)
(Advertinsje)