Pieter Weening (39) hâldt op mei hurdfytsen

20 nov 2020 - 15:41

Pieter Weening fan De Harkema hâldt op mei hurdfytsen. De 39-jierrige Fries krige earder dizze wike te hearren dat syn kontrakt by Trek-Segafredo net ferlinge wurdt. Hy hat dêrop besletten syn hurdfytskarrière te beëinigjen. "Hie ik 28 west wie it in oar ferhaal west, mar ik bin 39. It hat moai west", seit Weening.

Foto: Omrop Fryslân

"Ik hâld fan dizze sport en fan dizze wrâld, mar nei 20 jier op de dyk nim ik no rêst", seit Weening. "Ik sil no thús yn Neerharen genietsje fan myn libben mei myn frou en ús twa bern. Ik ha wol wat gedachten en ideeën foar de takomst, mar it is no te betiid om dêr wat oer te sizzen."

Weening, ûnder mear winner fan in Touretappe yn 2005, siet oan it begjin fan dit jier sûnder wurkjouwer nei't Roompot-Charles opholden wie. Yn juny kaam er werom yn it peloton. Hy krige in kontrakt oant de ein fan it seizoen by Trek-Segafredo, de ploech fan ûnder oaren Bauke Mollema, Koen de Kort en de Italiaan Vincenzo Nibali.

Weenig gie de Giro d'Italia yn as knecht fan Nibali, mar hy moast al yn de fiifde etappe ôfstappe as gefolch fan in falpartij in dei earder. De feteraan rûn dêrby in harsenskodding op. Weening hope dêrnei de Vuelta ride te kinnen, mar de dokter skreau him absolute rêst foar. "Doe kaam it besef dat it tiid wie om op te hâlden. Net myn lichem, mar myn geast fertelle my dat."

Weening ried it grutste part fan syn karriêre foar de eardere Raboploech. Hy wûn yn 2011 en 2014 in etappe yn de Giro. Yn 2011 droech hy fjouwer dagen de rôze liederstrui.

Hurdfytser Pieter Weening yn Weistra op Wei

Trefwurden: 
hurdfytsen Pieter Weening
(Advertinsje)
(Advertinsje)