Rykswettersteat reparearret Prinses Margrietslûs nei oanfarring mei frachtskip

Rykswettersteat hat freedtemoarn in ynspeksje dien oan de Prinses Margrietslûs by De Lemmer nei't dêr tongersdeitejûn in frachtskip tsjinoan fearn wie.
It skip fear, as gefolch fan in stikkene skroef, tsjin in slûsdoar. Sawol de slûs as it skip rekke skansearre. De slûsdoar kin lykwols gewoan brûkt wurde troch it skipfeartferkear.
Oan it begjin fan de middei waard der troch in dûker ûnder wetter ynspeksje dien, wêrnei't de reparaasjewurksumens úteinsetten.