Renovaasje fan de Fryske Slûs by De Lemmer: "Het is geen kant-en-klaar Ikeameubel"

20 nov 2020 - 14:37

Der sit in protte wurk yn it renovearjen fan de Fryske Slús by De Lemmer. It monumintale bouwurk út de jierren 40 wurdt in kombinaasje fan de âlde styl mei moderne technyk. It wurk is begjin oktober úteinset, flak foar de krystdagen moat de renovaasje klear wêze.

Renovaasje fan De Fryske Slûs

De Fryske Slûs, dy't de âldste slûs fan Flevolân is, wie neffens Monica Brouwer fan de provinsje wol ta oan in opknapbeurt. Sy fertelt dat de provinsje Flevolân op it stuit alle sechstjin brêgen en slûzen yn de provinsje renovearret.

"Dat heeft ook te maken met het bedieningssysteem op afstand. Vroeger werden de sluizen op locatie bediend, maar in 2014 is alles overgegaan op bediening vanuit het provinciehuis in Lelystad. Dat waren natuurlijk allemaal verschillende systemen, dat leidde soms wel tot storingen. Nu gaan we overal over op hetzelfde systeem", fertelt Brouwer.

Monica Brouwer fertelt wêrom't de slûzen oanpakt wurde

Wurk oan de Fryske Slûs - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar

De renovaasje is hielendal yn hannen fan de provinsje Flevolân, mar der wurdt goed kommunisearre mei de gemeente De Fryske Marren. "De bewoners van die gemeente hebben ook hinder van deze afsluiting", seit Brouwer. Autoferkear kin der bygelyks net mear lâns, mar it lytse ferkear noch wol. "Dat is zeker belangrijk, anders hadden de fietsers te maken gehad met een omleiding van een kilometer of 15." Foar harren is in needbrêge oanlein.

De âlde styl bewarje

Alle slûzen yn de Noardeastpolder binne yn deselde styl, en hawwe ek in monumintale status. De útdaging is dan ek om de âlde styl te bewarjen, om't it kombinearre wurde moat mei moderne technyk. In foarbyld hjirfan is it materiaal fan de slûsdoarren. "Wat je hier ziet, is dat we houten sluisdeuren hebben. Ander zou je misschien hebben gekozen voor staal, want dat heeft een langere levensduur", fertelt Brouwer.

Wurk oan de Fryske Slûs - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar

Robert van den Dool, de útfierder fan it projekt, fertelt dat it in soad passen en mjitten is. "Vandaag kijken we of alles helemaal past, en we gaan hem ook wegen, kijken of de brug goed in balans is." Hy hat lykwols goede moed: "We hebben alles goed uitgemeten, dus ik ga er ook van uit dat het past."

Gjin Ikeameubel

Ek al is de slûs 'mar' tolve wiken stremd, de tarieding hat in soad tiid koste. "Er zit wel anderhalf jaar voorwerk in. Je hebt er ook mee te maken dat-ie in de jaren 40 gebouwd is, er zijn weinig berekeningen van bekend." De berekkeningen dy't al wol bekend wienen, moasten neffens Van den Dool by in protte ferskillende ynstânsjes wei komme. "En er is natuurlijk ook nog een oorlog overheen gegaan, dus er zijn veel dingen die opnieuw op papier moeten worden gezet."

Dat de tarieding safolle tiid koste, wie dus net frjemd. "Het was geen kant-en-klaar Ikeameubel dat je zo van de plank kan pakken", seit Van den Dool, "maar als het goed is, is dat het na deze renovatie wel."

Robert van den Dool fertelt oer de lange tarieding

(Advertinsje)
(Advertinsje)