RIVM: 89 nije coronabesmettingen, trije stjergefallen

20 nov 2020 - 14:19

Der binne de ôfrûne 24 oeren 89 nije coronabesmettingen fêststeld yn Fryslân. Dat binne der in stik minder as de ôfrûne fjouwer dagen, doe't der alle kearen 102 besmettingen of mear wiene.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

De measte besmettingen binne it ôfrûne etmiel fêststeld yn de gemeente Súdwest-Fryslân (24). Dêrnei komme Ljouwert (18) en Waadhoeke (11). Alle oare gemeenten ha acht besmettingen of minder.

Yn Fryslân binne it ôfrûne etmiel trije nije stjergefallen meld. Dat giet om ynwenners fan Smellingerlân, Súdwest-Fryslân en Waadhoeke. Der is ek ien nije sikehûsopname, in ynwenner fan Waadhoeke.

Lanlik binne der 5.974 nije besmettingen fêststeld, it heechste tal yn ien wike.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)