Freedsmerk oer Alvestêdetocht: "We ride 'm fansels wol"

20 nov 2020 - 14:05

Sterk iis of net, dizze winter krije we gjin Alvestêdetocht. Wiebe Wieling fan de keninklike feriening wie dêr helder oer. Under dizze omstannichheden kin it gewoan net. Op de Ljouwerter freedsmerk snapten se dat wol. "It is spitich, mar fansels wol te ferwachtsjen. Sa folle minsken komme dêrop ôf, dat is net ferantwurde."

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

In echte rider, dy't al trije tochten útried, fûn it wol spitich om't er der wol klear foar wie: "Om de kondysje hoecht it net oer te gean!"

Nea wer

In oar fûn dat we ús gjin yllúzjes meitsje moatte dat de tocht ea nochris komt. "Dy komt echt net wer. Dêr hoechst net oer yn te sitten. Der sit te folle feroaring yn 'e loft."

Dochs wie ek te hearren dat krekt dit evenemint net wike moat foar corona: "As it safier komt, tink ik dat de Friezen oars beslute. De Alvestêdetocht giet boppe alles. As it écht kin, giet er troch!"

"We ride 'm wol"

De measten lykje har der by del te lizzen: "Mar as der sterk iis is, ride we 'm fansels wol. Moai mei in lyts ploechje. En mei in stok dertusken fan oardel meter."

Reaksjes op de freedsmerk oer de Alvestêdetocht

(Advertinsje)
(Advertinsje)