Rjochter leit 12 jier sel op foar moard op Sineeske hierbaas yn Ljouwert

De rjochtbank hat in 26-jierrige Sineeske man feroardiele ta 12 jier sel foar deaslach op syn 73-jierrige hierbaas. It slachtoffer, ek ôfkomstich út Sina, waard ferline jier july yn syn eigen hûs om it libben brocht nei in rûzje om jild. It Iepenbier Ministearje hie 18 jier sel easke.
Rjochter leit 12 jier sel op foar moard op Sineeske hierbaas yn Ljouwert
De dieder soe it slachtoffer, syn hierbaas fan in flat oan de Prof. mr. P.S. Gerbrandywei yn Ljouwert, om it libben brocht ha nei in rûzje oer it beteljen fan in hierachterstân. Nei de moard soe er boppedat jild meinaam hawwe út it hûs.
De plysje fûn it slachtoffer in pear dagen nei syn dea, neidat er as fermist opjûn wie. Ut ûndersyk die bliken dat de fertochte nei de dea fan de hierbaas folle mear jild hie as derfoar, wylst er al moannen gjin offisjele ynkomsten hie.

DNA

De plysje hat ek DNA-materiaal fan de dieder fûn op guod dat om it lichem hinne lei, in mof, skjinmakmiddel dat brûkt is om bloedspoaren fuort te himmeljen en op in hammer en in pikhouwiel.
It is net dúdlik oft dit it moardwapen wie, mar it stiet wol fêst dat it slachtoffer om it libben kaam is nei in klap op syn holle. It lichem wie dêrnei yn twa jiskepûden dien en ferstoppe.
© Anton Kappers
De fertochte hat oant no ta altyd ûntkend en wiist ûnder oaren nei in oare hierder. Dy hat neffens de plysje lykwols in aliby. Neffens de rjochter is der genôch bewiis dat de fertochte ek de dieder is.
Dat de straf dochs leger útfalt, komt trochdat de rjochtbank net bewiisd achtet dat de man yn it foar al it plan hie om syn hierbaas om it libben te bringen.