MVV net ferfolge foar mooglik diskriminearjende fan tsjin Cambuur-spiler Kallon

Fuotbalklup MVV wurdt net ferfolge foar in mooglik diskriminearjende utering fan in supporter by de wedstriid MVV - SC Cambuur op 5 septimber. Dat hat de oanklager betelle fuotbal nei wiidweidich ûndersyk besletten.
Issa Kallon by MVV © www.orange-pictures.nl
By de wedstriid soe in supporter fan MVV him skuldich makke ha oan diskriminearjende teksten nei Cambuur-spiler Issa Kallon. Hy spilet sûnt 2017 foar Cambuur. Alle kearen dat er mei de Ljouwerters fuotballe yn Maastricht krige er it persoanlik swier foar de kiezzen. Ferslachjouwer Andor Faber wie by de wedstriid oanwêzich. "Wat ik sels heard ha, binne apelûden as Kallon oan de bal wie. Mar it is lestich om krekt te hearren wat der sein is."
MVV brocht nei de wedstriid ek in ferklearring nei bûten: "Middels camerabeelden is vast komen te staan dat de supporter inderdaad iets roept naar Kallon. Of het racistische opmerkingen zijn, waar de voetballer van spreekt, is niet door deze camera's die in de nok van het stadion hangen waar te nemen. In de media werd gesproken over spreekkoren van de MVV-aanhang. Dit is pertinent onjuist. Deze spreekkoren waren er niet en zijn ook door niemand waargenomen."

MVV koe it net foarkomme

De KNVB seit no dat der yndie mooglik diskriminearjende teksten roppen binne, mar MVV koe dêr neat oan dwaan: "De aanklager heeft geconstateerd dat een supporter van MVV zich mogelijk discriminerend heeft uitgelaten tegenover een speler van SC Cambuur, maar dat MVV dit niet had kunnen voorkomen. Daarnaast heeft MVV volledig meegewerkt aan het tuchtrechtelijk onderzoek."
It net ferfolgjen fan MVV stiet neffens de KNVB los fan it treffen fan fierdere maatregels tsjin yndividuele supporters.