Ireen Wüst en Sven Kramer net nei NK allround yn Thialf

20 nov 2020 - 14:23

Sven Kramer en Ireen Wüst dogge dit wykein net mei oan it NK allround yn Thialf. Kramer is net fit genôch om mei te dwaan oan it toernoai op It Hearrenfean. En Wüst hat in blaasûntstekking en ferheging.

Ireen Wüst en Sven Kramer - Foto: www.orange-pictures.nl

Kramer hat twa kear negatyf test op it coronafirus, mar sûnt de nacht fan tiisdei op woansdei is er al griperich. Nei oerlis mei syn coach Jac Orie en de medyske stêf fan Team Jumbo-Visma hat er besletten om net mei te dwaan oan it NK allround.

"Ik baal der fansels wol fan", seit Kramer. "Troch de hiele coronasituaasje ha we al net in soad wedstriden op de reedrydkalinder dit jier, dus ik hie graach ride wold. Mar it moat wol ferantwurde wêze."

Trochdat Kramer net meidocht, skoot mei Ids Bouma fan It Hearrenfean in reserve troch. Foar him betsjut it syn debút op it NK allround.

Wüst

Ireen Wüst hat fjouwer nasjonale allroundtitels op har namme stean, mar docht dus fanwege in blaasûntstekking en ferheging net mei. "Ik baal hier heel erg van, ik had graag willen starten maar heb nog steeds lichte verhoging waardoor rijden niet verstandig is. De medische staf vond dit niet verantwoord en in goed overleg is besloten niet deel te nemen", seit Wüst, dy't de regearjend wrâldkampioene allround is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)