Bou flot Sterke Yerke 4 set yn febrewaris útein

20 nov 2020 - 12:34

De bou fan it flot Sterke Yerke 4 set yn febrewaris útein. Dat hat de Stichting Behoud Erfgoed Sterke Yerke freed bekend makke. De stichting wol mei it flot omtinken freegje foar de 'plastic soup'-problematyk op see. Sterke Yerke 4 wurdt boud op de werf fan SRF Shipbuilding yn Harns.

Undertekening bou-oerienkomst Sterke Yerke en SRF Shipbuilding - Foto: Simon van der Woude

Sûnt 1974 hawwe der trije, troch in freonegroep út Ljouwert selsboude, flotten west. Sterke Yerke 3 is dêrfan de bekendste. Dat sloech yn desimber 1979 by Bonêre op de rotsen, nei in oerstek fan de Atlantyske Oseaan, mei as eindoel Kurasao. Underweis waard der ûndersyk dien nei oaljefersmoarging yn de Noardsee en de Atlantyske Oseaan.

It fjirde flot moat, krekt as syn foargongers, omtinken kreëarje foar fersmoarging op see. Sterke Yerke 4 wol it probleem fan de 'plastic soup', grutte samlingen ôffal op it wetter, yn de Waadsee ûnder de oandacht fan de Nederlânske polityk en befolking bringe. De bemanning sil net sels ôffal út de see helje. Harren doel is ûndersyk dwaan en bewustwurding kreëarje.

Ticht by hûs

Wilfred de Jong, ien fan de mei-inisjatyfnimmers, wiisde earder al op it belang fan sok ûndersyk, nei de kontenerramp mei it skip MSC Zoe. "De fersekeringsmaatskippij docht dêr lestich, want der is gjin nulmjitting. Fan alle fersmoarging wurdt sein: komt dat wol fan ús?"

Foar de earste twa jier sil it flot yn de Waadsee ûndersyk dwaan, want, sa't de organisaasje sels seit, kinst it bêste ticht by hûs begjinne en dêrnei útwreidzje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)