PVV Fryslân: provinsje moat nije sinneparken op lânbougrûn ferbiede

As it oan PVV Fryslân leit, komme der de kommende tiid gjin nije sinneparken op Fryske lânbougrûn. De fraksje wol dat de provinsje dizze eask fêstleit yn de regels foar de oanlis fan sinneparken, dy't takom wike yn Provinsjale Steaten bepraat wurde. "Mei dizze eask hoedest it takomstige Fryske lânskip foar de oanlis fan grutskalige sinneparken op grûn mei in lânbou- of natuerbestimming", seit fraksjefoarsitter Max Aardema.
© Shutterstock.com (Pfalzdrone)
Yn de sinneregels dy't der no lizze, wurdt mei in saneamde 'sinneljedder' de yntinsje útsprutsen om sa min mooglik sinnepanielen op lânbougrûn te pleatsen. Sa moatte inisjatyfnimmers fan sinneparken ûnder oare earst alternativen ûndersykje foar't se in sinnepark realisearje op lânbougrûn.
Dochs biedt dit foarstel neffens de PVV-fraksje noch genôch mooglikheden om sinne-enerzjy opwekke te kinnen op lânbougrûn. Aardema: "Troch it tapassen fan foarlizzende regels setst om sa te sizzen de foardoar op slot en tagelyk de achterdoar iepen."

Moasje yn Achtkarspelen

Ek de gemeenteried fan Achtkarspelen sjocht gjin heil yn it bouwen fan sinneparken op lânbougrûn. In moasje om 'it fraaie lânskip net troch sinneparken te fersteuren' waard tongersdeitejûn hast unanym oannaam.
De ried fynt ek dat de grûnen dy't bestimd binne foar bedriuwen yn it ferfolch frijwarre bliuwe moatte fan sinnepanielen. Yn Bûtenpost waard yn 2018 bygelyks yn in greide by bedriuweterrein De Swadde in sinnegreide oanlein mei 33.000 panielen.

Alternativen

Begjin dit jier joech de ried fan Achtkarspelen al oan pas yn lêste ynstânsje (lânbou-)grûn brûke te wollen foar it pleatsen fan sinnepanielen. It is goed om nei alternativen te sjen, sa stelle de partijen.
Dêrby wurdt tocht oan de realisaasje fan oerdusten parkearplakken mei dêrop sinnepanielen. Der binne in soad iepenbiere parkearplakken by sportterreinen en winkelsintra yn Achtkarspelen en dy biede neffens ferskate fraksjes in unike mooglikheid foar de oanlis fan sinnedakken of sinnecarports.