Planetarium Eise Eisinga stelt konservator oan

20 nov 2020 - 10:07

It Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer wreidet it personielsbestân út mei in konservator. Sieger Vreeling út Bûtenpost wurdt oansteld yn dy funksje. Dy útwreiding wie in logyske stap nei de groei fan it Planetarium de lêste jierren.

It Keninklik Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar

Sa hat it keninklike planetarium twa pannen taheakke oan it oarspronklike wenhûs fan Eisinga. It tal besikers is groeid nei 65.000.

Vreeling is promovearre yn de arsjitektuerskiednis en hat affiniteit mei de wittenskipsskiednis. Hy hâldt him ûnder oare dwaande mei de kolleksje en de tarieding op de Wrâlderfgoednominaasje.

Sieger Vreeling - Foto: Joachim de Ruijter

It Planetarium kin de konservator betelje mei jild fan de provinsje Fryslân en de gemeente Waadhoeke. De organisaasje komt sa neffens it Planetarium op in nivo dat past by de ambysje om de status fan Wrâlderfgoed te krijen. It Planetarium wol it team noch fierder útwreidzje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)