Ynternasjonale belangstelling foar ferkeap 700 skoalplaten yn Deinum

20 nov 2020 - 09:27

Foar Piet Heeringa fan Deinum begûn de leafde foar skoalplaten op syn tolfde, mei de plaat 'Bos- en weidevogels' dy't by master Humalda yn de klasse hong. No hat er in kolleksje fan 4.000 skoalplaten en lânkaarten, dy't te sjen binne yn syn museum. Mar yn de rin fan de jierren kamen der mear dûbelingen by. Hast 700 fan dy skoalplaten gean sneon yn de ferkeap.

Foto: Skoalplatemuseum Deinum

"Ik wie fan it simmer thús en it museum wie ticht", fertelt Heeringa. "Dan begjinst wat om te rommeljen en seist: wat in protte dûbelde platen. Doe betocht ik om in ferkeapdei te dwaan." En der sit moai guod tusken, seit er. "It is ûnfoarstelber, fan alles wat. Skiednis, skiekunde, skriuwplaten. Kinst it sa raar net betinke."

Ynternasjonale belangstelling

Sneon geane de dûbelingen yn de ferkeap. En der is ynternasjonale belangstelling: "Ik ha fragen út Kanada, Dútslân, België, Frankryk. Doe't moandei it berjocht nei bûten kaam, bellen se oeral wei: 'ha jo dy plaat ek?' Minsken út Kanada ha hjir op skoalle sitten en fregen oft ik ien fan dy platen hie en oft ik dy reservearje woe. Dy stjoer ik nei se ta."

Piet Heeringa oer de bysûndere platen yn syn kolleksje

Foto: Skoalplatemuseum Deinum

De leafde begûn dus yn de klasse fan master Humalda en stadichoan is dat útgroeid. "Je tinke: wat soe der mear wêze? Yn 2009 kocht ik in hiele partij fan Hindrik ten Hoeve. Doe kaam ik derachter dat der noch in hiel soad mear binne. Dan begjinst te sammeljen en wolst ek oare searjes ha." Dat is it doel, om dy searjes kompleet te krijen. "Ik ha no de eksposysje fan Yndonezië. Dêr binne njoggen útjouwers fan. Dy wolst dan tentoanstelle en yn dyn besit ha."

Moai plakje yn 'e holle

Der sit dus moai guod tusken en der is in soad belangstelling. Foar twa platen wit der wol in moai plakje. "Dy binne hiel bysûnder en grut, platen út 1915 fan Fryslân. Dat binne hiel eksklusive platen. Wat soe it moai wêze as sokke platen yn it gemeentehûs fan Ljouwert komme te hingjen."

De ferkeap is sneon fan 11.00 oant 16.00 oere en is hielendal coronaproof, seit Heeringa.

(Advertinsje)
(Advertinsje)