Sherida Spitse makket oerstap nei Ajax

Fuotbalster Sherida Spitse fan Snits spilet mei yngong fan 2021 foar Ajax. Se makket de oerstap fan de Noarske klup Vålerenga. Spitse tekenet in kontrakt fan oardel jier yn Amsterdam.
Sherida Spitse
De 30-jierrige Spitse begûn har karriêre by SC Hearrenfean. Dêrnei spile se foar FC Twente en ferskate Noarske klups. Spitse is ek rekôrynternasjonal by Oranje, wêrmei't se yn 2017 Europeesk kampioen waard.
"De reden om voor Ajax te kiezen, was omdat we niet meer honderd procent gelukkig waren in het buitenland", fertelt Spitse op de webside fan Ajax. "Vervolgens kwam deze optie voorbij. Ik ben zelf altijd fan van Ajax geweest. Om dan nu zelf het shirt te gaan dragen, is hartstikke mooi."
Sherida Spitse © www.orange-pictures.nl
Spitse hat al yn it Nederlânsk alvetal spile, mar sjocht by Ajax noch genôch útdaging lizzen. "Ik moet bij Ajax weer heel wat anders doen dan in de competitie in Noorwegen. Daar ging het meer om kracht, in Nederland wordt meer gevoetbald. Ik ben in Noorwegen heel fit geworden, maar ik wil weer meer voetballen."
By Ajax binne sy út de skroeven mei har komst en de ferwachtings binne heech. Spitse is lykwols net senuweftich. "Ik hou daar wel van. Ik ga naar Ajax om prijzen te pakken. Dat is het mooiste wat er is. Ik wil met alles winnen."
Ajax kundige Spitse har komst oan mei in bysûnder filmke op sosjale media. Dat smiet in soad positive reaksjes op. "Ik krijg daar echt alleen maar leuke reacties op. Het is echt goed in elkaar gezet!."
Sherida Spitse oer har oerstap