Kollum: "Koarddûnsje"

20 nov 2020 - 08:19

"Enerzjy is oeral en alles is enerzjy. Fan wolken oant beammen, bisten, bergen en stiennen; de wrâld om ús hinne, mar ek yn ússels, is in wikselwurking fan enerzjypatroanen. Mar yn ús honger nei de technology binne we de oarspronklike wiisheid ferjitten dat alle skepsels en alle dingen op ús planeet mei elkoar ferbûn binne. Der hat in tiid west dat de minsken de geast fan de see om seiningen frege foardat se fiskje woene en nei de jacht betanken se de bisten foar it jaan fan har libben.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Hilda Talsma

Dit en mear wurdt allegear beskreaun yn it boek 'Energiekoorden' fan Denise Linn en ik fyn dat se hiel goed útleit hoe't we bepaalde enerzjypatroanen werkenne kinne. Se hat it oer in ferskaat oan koarden dy't ús sawol posityf as negatyf mei alles ferbine en omskriuwt ek hoe't dat fielt en watst der oan dwaan kinst ast der lêst fan hast. We ha koarden mei ús famylje, bern, âlden, kollega's, bisten, ensfh. Mar ek mei ferstoarne minsken, foarige libbens en sels mei dyn hûs.

Enerzjy is net bûn oan in plak of de tiid en dêrom kinne adoptearre bern in koardferbining ha mei sawol de biologyske as adopsjeâlden en de triedden tusken twillingen binne spesjaal en sterk. Trauma's kinne ek troch enerzjykoarden yn de famylje trochjûn wurde. Pake- en beppesizzers kinne skynber ûnferklearbere eangsten ha omdat bepaalde koarden fia de genen fierder reizgje nei folgjende generaasjes.

Yn it boek wurde ferskate foarbylden beskreaun dêr't ik my gauris yn werken. Se stelt op in bepaald momint de fraach oftst wolris troch in drokke stêd rûn hast, of op in oar drok plak west hast en datst dêrnei skjin oan ein wiest of dysels smoarch fieldest. Ik fiel my altyd sa as ik bygelyks in dei yn Amsterdam west ha, mar ik kin my ek sa fiele nei in drokke keapjûn yn Ljouwert. Soks kin komme omdat enerzjytriedden fan frjemden yn in mannichte har hechtsje oan dyn sinneflecht, ek al bist dy der net bewust fan.

We werkenne it wierskynlik allegear wol datst hiel wurch wurde kinst fan bepaalde persoanen. Yn it boek stiet datst faak ûnbewust dyn earms oer elkoar hinne slachst foar dyn bûk om sa biningen ôf te warren. Ik ha ek wolris hân dat ik út en troch oan in bepaald persoan tocht, wylst ik dêr neat fan begriep. Mar neffens Denise kin soks komme omdat sa'n persoan oan dy tinkt en dat piksto wer op. Der binne ek moderne koardferbiningen op it gebiet fan ynternet en kinst ferbinende stringen ha mei facebookfreonen dy'tst noch noait moete hast.

Positive enerzjy jout krêft, mar as it net goed foar dy is, fielt it swier en wurdst der lamliddich fan, miskien sels wol depressyf. Tusken fereale minsken besteane faak unike koarden dy't brûze fan de enerzjy. Mar ast mei Jan en alleman tusken de lekkens dûkst kin in ferskaat oan koarden tangele en ferflochten reitsje ast de energetyske ferbiningen noait loslitten hast. En dat kin in sinfolle relaasje yn 'e takomst yn 'e wei stean.

It boek stiet fol tips hoe'tst koarden trochsnije en loslitte moatst óf fersterkje kinst ast der lokkich fan wurdst, mar ek hoe'tst dyn enerzjyfjild beskermje kinst. Ik fyn it allegear tige nijsgjirrich, benammen omdat ik in pear jier lyn tusken de stiennen fan Stonehenge de enerzjy echt sjoen ha, neidat in paragnost útlein hie hoe't ik sjen moast. Der trille in bepaald patroan tusken de stiennen dat op in streekjeskoade like, mar dan mei horizontale strepen/koarden.

No moat ik allinnich noch koarddûnsjen leare op myn eigen energetyske ferbiningen, mar mei dit boek slagget dat grif."

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)