Noardeast-Fryslân akkoart mei ferkeap gemeentehûs ûnder boekwearde; koart pleiten oanspand

De gemeenteried fan Noardeast-Fryslân hat ynstimd mei it riedsfoarstel om 127.000 euro ôf te boeken, omdat it Kollumer gemeentehûs foar dy priis ûnder de boekwearde gund wurdt oan keaper Fotocadeau. Dêrtroch moast de ried in beslút nimme oer it bedrach. De definitive gunning stiet op de planning foar 14 desimber, mar it is noch de fraach oft dat trochgean kin.
© Omrop Fryslân, Ben de Jager
Njoggentjin riedsleden stimden tongersdei foar it foarstel, acht tsjin. Ferantwurdlik wethâlder Theo Berends: "De avond zelf vond ik goed verlopen qua sfeer, maar het heeft me wel erg beziggehouden de afgelopen weken moet ik zeggen. Ook gezien alle rumoer die er om gemeentehuis Kollum was."

Tsjinstimmende koälysjeleden

De koälysjepartijen stimden foar, útsein de VVD en riedslid Sjoerd Keizer fan S!N. "Wij hebben niet tegen de verkoop gestemd, maar wel tegen het afboeken van de 127.000 euro", sei fraksjefoarsitter Digna Ferwerda fan de VVD. "We vinden dat wij niet inzichtelijk hebben wat de verdere kosten van deze verkoop met zich mee brengt."
De VVD kin har net fine yn de begruttingswiziging, seit Digna Ferwerda
De VVD hat in soad oerlizzen hân, wêrnei't de partij ta it beslút kaam om tsjin te stimmen. "Wij zijn veel gebeld door mensen uit Kollum en omstreken, wij kunnen best voor een voorstel stemmen wat voor ons misschien moeilijk is. Alleen moeten we het altijd uit kunnen leggen en in dit geval kunnen wij het gewoon niet uitleggen."

Minder diskusje

Riedslid Sjoerd Keizer fan S!N stimde, nei syn stimferklearring jûn te hawwen, ek tsjin, wylst de oaren út syn partij foar stimde. "As riedslid meie jo ek in miening ha. It gie my om punt twa fan it riedsfoarstel, de ôfboeking fan 127.000 euro. Ik bliuw der gewoan by: eins fyn ik it gewoan spitich dat se de boekwearde net hantearre hawwe. Dan hoegden jo neat ôf te boeken en wie de diskusje ek folle minder west."
Alle opposysjepartijen, útsein GroenNOF, stimden ek tsjin it foarstel. Fraksjefoarsitter Johan Lammering sei yn syn stimferklearring dat er jild net liedend fûn, mar de minsken út de mienskip. Dêrom stimde er foar it riedsfoarstel.

Koart pleiten yn oantocht

Yn de oanrin nei de definitive gunning hat fêstgoedûndernimmer Wim Bulten al in koart pleit tsjin de gemeente oanspand. KMS Beheer út Kollum stapt nei alle gedachten ek nei de rjochter. Beide partijen fine dat de gong fan saken by de ferkeapproseduere net gong binne sa't dat neffens harren heart.
Oer de koart pleiten dy't yn oantocht binne, is wethâlder Berends dúdlik: "Wij menen dat wij valide en voldoende argumenten hebben om te zeggen dat wij een zorgvuldig proces hebben doorlopen. Wij zullen dat ook aantonen in de rechtbank, als het zover komt."
Wethâlder Berends hat fertrouwen yn in goede ôfrin