Liveblog | 20 novimber 2020

Coronanijs fan 20 novimber: Earste faksins nei minsken yn ferpleechhuzen en soarchynstellingen

Yn dit liveblog is it lêste nijs oer it coronafirus te folgjen.
Lêst bywurke: 20 novimber 2020, 22:52
freed 20 novimber 2020
22:55

Ein fan dit liveblog

Hjirmei komme we oan de ein fan dit liveblog. Dit wie foarearst it lêste deistige liveblog mei it coronanijs út Fryslân. As it nijs der oanlieding ta jout, starte we wer in nij liveblog.
18:02

Advokaat Canoy oer yndirekte plicht

It kabinet wol dus dat 60-plussers, kwetsbere groepen en soarchmeiwurkers as earste it nije coronafaksin krije. De faksinaasje is fergees en frijwillich. Earder wie der mooglik noch sprake fan in yndirekte faksinaasjeplicht, mar dat liket no fan de baan. Advokaat Bart Canoy fertelde yn it radioprogramma Weistra op Wei oer sa'n yndirekte plicht.
Advokaat Bart Canoy
17:26

Earste faksins nei minsken yn ferpleechhuzen en soarchynstellingen

De earste faksins tsjin it coronafirus sille begjin folgjend jier nei de bewenners fan ferpleechhuzen en minsken mei in ferstanlike beheining dy't yn in ynstelling wenje gean. Dat hat it ministearje fan Folkssûnens freed bekend makket. It giet yn totaal om sa'n 155.000 minsken.
De earste prioriteit is dus de ynwenners fan ferpleechhuzen en soarchynstellingen. As dizze minsken de faksinaasje net krije kinne "komen medewerkers van deze instellingen en mantelzorgers in aanmerking voor de vaccinatie", sa seit it ministearje.
Nei dizze earste twa groepen komme 60-plussers mei in medyske yndikaasje, wêrby't de âldste Nederlanners earst gean. Dan folgje de 60-plussers sûnder medyske yndikaasje, minsken jonger as 60 mei in yndikaasje, soarchmeiwurkers fan dizze groepen en soarchmeiwurkers dy't direkt kontakt mei coronapasjinten hawwe.
15:08

Werstel lânbousektor stadich

It duorret nei alle gedachten noch wol mear as in heal jier foardat de lânbousektor wersteld is fan de coronakrisis. Dat seit ABN Amro yn in rapport oer de agraryske sektor. De coronakrisis hat soarge foar flink legere prizen foar suvel en foaral patat-ierappels. Dat komt troch de lockdown fan 't maitiid, dy soarge derfoar dat der folle minder ferkocht waard oan restaurants, fastfoodsketens en hotels yn Nederlân en it bûtenlân. En dat is no ek wer sa. En ABN Amro hâldt rekken mei in oplibbing fan it firus begjin takom jier.
14:59

Minder as 2.000 coronapasjinten yn Nederlânske sikehuzen

It tal coronapasjinten dat yn de Nederlânske sikehuzen leit, is sakke ta ûnder de 2.000. It is foar it earst sûnt 21 oktober dat it tal ûnder dy grins útkomt. Yn totaal behannelje sikehuzen op it stuit 1.961 minsken fanwegen in coronabesmetting, 69 minder as op tongersdei.
Ferpleechôfdielingen behannelje 1.414 coronapasjinten. Dat binne der 61 minder as op tongersdei. It tal minsken mei Covid-19 op de intensive cares gie fan 555 omleech nei 547.
14:47

Tal lanlike coronagefallen opnij omheech

It tal nije coronagefallen yn Nederlân is opnij omheech gien. Tusken tongersdeitemoarn en freedtemoarn binne 5.974 positive testen registrearre, it heechste tal yn in wike tiid. It RIVM melde tongersdei 5.720 gefallen en woansdei 4.615, mar dat kaam mei troch in technyske steuring.
Ek ferline wike wiene der op woansdei, tongersdei en freed mear positive testen as op moandei en tiisdei. Neffens de GGD'en kin dit komme trochdat yn it wykein minder minsken test wurde as troch de wike. As ien op sneon of snein test is, kin de útslach op moandei of tiisdei bekend wêze.
Yn de ôfrûne sân dagen binne 37.000 positive testen registrearre, fergelykber mei de wike derfoar. Ein oktober, op de top fan de twadde weach, wiene der hast 70.000 positive testen yn in wike.
It tal stjergefallen gie mei 51 omheech. Dat wol net sizze dat al dizze minsken yn it ôfrûne etmiel stoarn binne. Op tongersdei waarden 75 stjergefallen registrearre.