Henk de Jong: "As Giovanni op de goal ôf komt, giet alles deryn op it stuit"

20 nov 2020 - 06:26

"Zo! Dit is wol lekker hear." Cambuur-trainer Henk de Jong wûn mei syn ploech mei 2-0 fan konkurrint De Graafschap en pakt dêrmei de kopposysje yn de earste difyzje. "It wie in drege jûn, mar wol in fertsjinne oerwinning. En de jonges krije no in pear dagen frij."

Cambuur spile hiel folwoeksen, fynt De Jong:

Henk de Jong nei De Graafschap - Cambuur

"Wy skoare op geweldige mominten", fertelt De Jong. Erik Schouten iepene in pear minuten foar it skoft de skoare. "Dan witst wol datst yn de twadde helte hiel lestich krijst, want dan begjinne se te pompen, pompen, pompen. Mar wy ha doe hiel folwoeksen spile, gjinien kear yn panyk. Se krigen wolris kear in kâns, mar dan stiet Sonny (Stevens, red.) dêr hiel rêstich."

De Graafschap begûn dus opportunistysk yn de twadde helte, mar op in sneu momint foar de thúsploech makke Giovanni Korte de 0-2. "Ik sjoch der net mear fan op", seit De Jong. "In wereldgoal. As Giovanni op de goal ôf komt, dan giet alles deryn op it stuit. Dat is gjin tafal, hy is der hiel goed mei dwaande."

En no dus in pear dagen frij. Dat is ek nedich neffens De Jong. "Want dêrnei moatte we twa wiken yn ien kear troch. Moatst ek rêst nimme. Dat is lestich foar in trainer, mar soms is rêst de bêste training."

Jacobs hat der each foar

"Ik keek naar Jamie (Jacobs, red.), want ik weet dat hij oog heeft voor dat soort balletjes", fertelt Korte oer syn goal. Jacobs stuts Korte fuort. "Ik sprintte, de aanname was goed. Ik kwam een beetje schuin voor de goal, dus ik chipte 'm erin. Het was een moeilijke hoek, maar hij zat er lekker in."

Giovanni Korte skoarde op in belangryk momint:

Giovanni Korte nei De Graafschap - Cambuur

"Het was een kantelpunt in de wedstrijd", seit Korte oer it momint dat de 0-2 foel. "De moed zakte bij hun in de schoenen. Dat zie je, dat voel je."

Yn njoggen fan de tsien wedstriden kin Cambuur de tsjinstanner ûnder druk sette en krije de Ljouwerters kâns op kâns. Dat is tsjin De Graafschap oars, de ploech spilet kompakt. Foar Korte makket it neat út. "Ik vind het heerlijk om te spelen momenteel. Ik ben goed in vorm. We krijgen wel wat minder kansen, maar dan moet je ze maken. En dat deden we."

"Lelijk, maar lekker"

Oanfierder Erik Schouten hie flak foar it skoft de skoare al iepene. Nei in hoekskop bleau de bal lizzen yn it strafskopgebiet en Schouten stie op it goede plak. Hy frommele de bal yn 'e fiere hoeke. "Het was zeker niet m'n mooiste, maar wel een lekkere. Lelijk, maar lekker."

Neffens Schouten hong de 0-1 op dat stuit ek yn de loft:

Erik Schouten nei De Graafschap - Cambuur

Schouten fielde dat de goal foar de Ljouwerters deroan siet te kommen. "Hun keeper had al een paar echt goede reddingen. We merkten dat we bij corners gevaarlijk werden met de tweede bal. Dus de goal hing in de lucht. Dan is het lekker dat-ie net voor rust valt."

Nei't Korte it ferskil twa makke, hat Cambuur sawat net mear yn de problemen west. Schouten: "Het geloof bij De Graafschap was misschien ook een beetje weg. We moesten het veld klein houden, zo ver mogelijk van de goal. Dat hebben we tot de negentigste minuut goed gedaan."

(Advertinsje)
(Advertinsje)