GGD: ferdûbeling yn tal 'tieners' mei corona, 25 besmettingen op ien skoalle

20 nov 2020 - 12:09

It tal Friezen tusken de 12 en 17 jier dat de ôfrûne wike besmet rekke is mei it coronafirus, is mear as dûbeld sa heech as de wike dêrfoar: fan 47 nei 101. De groep is in hieltyd grutter wurdend part fan it totale tal besmettingen yn de provinsje. Dat seit de GGD Fryslân.

Comenius Mariënburg

In grut part fan de groei is werom te lieden nei in útbraak by it Comenius Mariënburg yn Ljouwert. Fan dy skoalle sitte op it stuit 25 bern thús mei in positive test. It giet benammen om learlingen út havo-5. Njonken de 25 besmette bern sit der ek noch in grutte groep yn karantêne.

De lessen gymnastyk geane foarearst net troch. Hast alle besmettingen binne werom te lieden ta kontakten bûten de skoalle. De GGD seit ek dat fersprieding fan it firus yn de klasse net in soad foarkomt. By it boarne- en kontaktûndersyk fan de GGD is der ekstra omtinken foar de leeftiidsgroep.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Der is ek in groei yn it tal 70-plussers dat besmet is mei it firus. It wiene de ôfrûne wike 104, in wike earder wiene dat noch 69. It tal besmette bewenners fan ferpleech- en fersoargingshûzen is groeid fan 36 nei 65. Dêrfan wenje 29 yn Súdwest-Fryslân.

Mear besmettingen en mear stjergefallen

Ek yn syn gehiel is der nei fiif wiken delgong wer in groei yn it tal coronabesmettingen te sjen yn Fryslân. De ôfrûne sân dagen binne 722 besmettingen fêststeld yn ús provinsje, tsjinoer 561 de wike dêrfoar. Der binne ek mear testen ôfnaam as in wike lyn: 7.585, sa'n tûzen mear as in wike earder.

De pyk yn it tal besmettingen fan de twadde weach wie foar Fryslân de twadde wike fan oktober. Dêrnei sakke it tal besmettingen stadichoan, mar oant dizze wike dus.

Ek it tal stjergefallen wie mear as oars. It RIVM hat de ôfrûne wike 17 stjergefallen as gefolch fan it coronafirus meld. Dat is ek in stik mear as de ôfrûne wiken.

Ferslachjouwer Onno Falkena prate mei teamlieder Jouke van Nuil

Wyklikse besmettingen en stjergefallen

Wike Besmettingen Stjergefallen
13 novimber - 19 novimber 772 17
6 novimber - 12 novimber 561 6
30 oktober - 5 novimber 838 8
23 oktober - 29 oktober 926 9
16 oktober - 22 oktober 1.051 5
9 oktober - 15 oktober 1.160 2
2 oktober - 8 oktober 666 0
25 septimber - 1 oktober 515 0
(Advertinsje)
(Advertinsje)