Tûzenen euro's skea by tennisklup Schatzenburg foar beskieden bút: blikjes bearenburch-cola

19 nov 2020 - 22:30

By tennisferiening Schatzenburg yn Menaam is de lêste twa wike twa kear ynbrutsen. De argewaasje is grut, want fanwege de corona is de kantine ticht en lizze de ynkomsten stil. Troch de ynbraak troch de ljochtkoepel yn de keuken is der wol foar tûzenen euro's skea ûntstien foar in hiel beskieden bút: in doaske mei blikjes bearenburch-cola.

Yn de kantine fan tennisferiening Schatzenburg waard twa kear ynbrutsen yn twa wike tiid - Foto: Omrop Fryslân

Foarsitter Marianne Thannhauser hat der in soad argewaasje fan. "Se binne troch trije ruten hinne gien om alles te trochsykjen. It iennichste dat we misse is in doaske mei blikjes bearenburch-cola en dêrfoar ha we no wol foar tûzenen euro's skea."

De feriening wrakselet mei de konsekwinsjes; moat der no ek noch ynvestearre wurde yn kamera's en in alaarm? Se begjinne mei lytsere anty-ynbraakmaatregels op basis fan tips fan de plysje. "Tsjin it klubhûs steane in pear grutte stangen dêr't je tsjinop klimme kinne. Dêr binne no spikers op set om dat te foarkommen. Miskien moatte we ek noch wat skerps op it stek om in terrein sette. Mar as ynbrekkers der echt yn wolle, is it lestich om se tsjin te hâlden."

Skea troch ynbraak by tennisclub Schatzenburg - Foto: Omrop Fryslân

Ek op in frisse novimberjûn wurdt der folop tennisse op de banen fan de feriening. Tennis is populêr, want yn tsjinstelling ta in soad teamsporten is tennis noch wol tastien yn coronatiid. Ek ûnder de spilers is de argewaasje oer de ynbraken grut. "Skandalich. Ynbrekke by in sportferiening is wol it lêste dat je dwaan moatte yn dizze tiid", seit Albert Lindeboom. Gerrit Doeland is der ek hielendal klear mei. Hy wol de kommende tiid jûns de hûn op it sportpark útlitte om sa mooglike nije ynbrekkers ôf te skrikken.

Beharkje ús reportaazje oer de ynbraken op sportpark Schatzenburg

(Advertinsje)
(Advertinsje)