Achtkarspelen mist eveneminten: ferfeling by jongerein soarget foar skea

De gemeente Achtkarspelen is dermei oan: groepen jongerein dy't foar oerlêst soargje yn de doarpen. Alle doarpen yn de gemeente ha der lêst fan, neffens Gemeentebelangen. Boargemaster Oebele Brouwer seit dat it net allinnich giet om jeugd út de eigen gemeente, mar in grutte groep dy't yn de hiele regio foar problemen soarget.
Fernielingen op De Harkema © Gemeentebelangen Achtkarspelen
"It is soarchlik", jout Brouwer ta. "De jeugd kin gjin kant op. Se geane nei bûten ta en it gedoch nimt ta. Dat is slimmer as oare jierren." Brouwer is der bot mei dwaande, fertelt er. Alle wiken praat er twa kear mei de plysje en iepenbiere oarder. Hy ken de groepen dêr't it om giet.
Yn Surhústerfean giet it de lêste tiid faker ferkeard. "Mar it binne net Feanster groepearringen", seit Brouwer. "Se fine elkoar no yn dat doarp. Woansdei wie der noch in ynsidint by de Albert Heijn. Mar it kin samar wêze dat se op it stuit yn Bûtenpost binne. En it is in yllúzje om te tinken dat it allinnich guon út ús gemeente binne: de ien komt út De Westereen, de oar út Kollum. En dan sille der ek guon wêze út Surhústerfean en Bûtenpost."
It belangrykste is om sicht te hawwen op de groepen, seit Brouwer. "We moatte ús net ferrasse litte. We krije ynfo fan de ûndernimmers, we sprekke de âlden oan. We sitte derboppe op. De kommende wike dogge we in yntinsive kontrôle, ek fanwegen it fjoerwurk. Dat is ferbean, mar it is gewoan foarhannen."

"Lang net genôch plysjes"

Frans Hoekstra fan Gemeentebelangen hat benammen in soad noed oer de kommende tiid. "We ha hjir lang net genôch plysjes. Hoe moatte fjouwer minsken hiel Achtkarspelen befeiligje? De ûnkosten fleane aanst de pannen út."
"Net al te moedeleas", antwurde Brouwer. "Wy ha hjir fêste minsken foar ús eigen gemeente. En as it moat, kinne we byskeakelje mei de boa's út Noardeast-Fryslân en Westerkwartier. We helpe elkoar. As it yn Dokkum út de hân rint, rydt de hanthavening in bytsje nei it noarden. As it yn Surhústerfean út de hân rint, dan nei it suden." Salang't de gemeente sicht hâldt op de groepen, is it neffens Brouwer te dwaan.
Troch de feesttinte fan Surhústerfean is it skeabedrach weromgong fan 80.000 euro nei 8.000 euro.
Boargemaster Oebele Brouwer
De gemeente mist eveneminten, hielendal mei de jierwiksel. Gewoanwei stiet der dan yn Surhústerfean in feesttinte en dat smyt in soad op. "Doe't dy tinte der kaam, gong it skeabedrach werom fan 80.000 euro nei 8.000", seit Brouwer. "Dat is hiel wichtich, mar dat kin dit jier net. Foarsitter Bruls fan it Veiligheidsberaad hat sein dat gemeentes wat organisearje moatte foar de jeugd, mar ik sjoch net yn hoe't we dat no dwaan kinne."