Fryske boargemasters op ien line: karbidsjitten moat trochgean kinne

19 nov 2020 - 20:12

It karbidsjitten yn Fryslân moat dit jier gewoan trochgean kinne, fine de boargemasters yn de provinsje. Dy sitte allegearre op ien line, seit boargemaster Oebele Brouwer fan Achtkarspelen. Hy antwurde op fragen fan it CDA, dat witte woe hoe't it komme soe mei de tradysje.

Foto: Omrop Fryslân

De boargemaster fan Grins, Koen Schuiling, sei tongersdei dat it karbidsjitten wat him oanbelanget net trochgiet mei de jierwiksel. Mar de Fryske boargemasters tinke dêr oars oer: "It karbidsjitten is wichtich foar ús minsken en ús gemeente", sei Brouwer. "Dat ha ik al faker oanjûn yn it oerlis yn de Veiligheidsregio Fryslân en hjoed ek wer. Wy binne der flak foar dat it trochgiet."

Brouwer praat yn de earste wike fan desimber mei de ferskate karbidploegen yn de gemeente om ôfspraken te meitsjen. "We litte ús net fuortdrukke troch gemeenten yn oare provinsjes dy't it te gefaarlik fine. Je moatte witte hoe't je dermei omgean moatte, dan is it feilich."

Alles moat wol neffens de jildende regels, ferdúdliket Brouwer. "Dus in tinte derby of in bar, dat is net oan de oarder. Dy gesellichheid kin dit jier net. Mar it sjitten? Ja, seker oerdeis."

Harkema

Nettsjinsteande de berjochten fan de boargemaster sjocht it Carbidteam Harkema ôf fan it karbitsjitten dit jier. Se skriuwe dat it coronafirus se dit jier tsjinhâldt. Fierder roppe se oare minsken op om ek gjin gebrûk te meitsjen fan it greidlân neist de iisbaan om te karbitsjitten.

It lanlike Veiligheidsberaad sil moandei prate oer it karbidsjitten. Dan komt ûnder mear de fraach oft der regels en rjochtlinen komme moatte oan bar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)