Wetterskip Fryslân komt oer 2021 6,5 miljoen euro tekoart

19 nov 2020 - 18:50

Wetterskip Fryslân komt oer 2021 mar leafst 6,5 miljoen euro tekoart. Dat docht bliken út de begrutting dy't it wetterskip tongersdeitemiddei presintearre. It wetterskip hellet dat tekoart út de reserves, om de lêsteferheging foar de boargers safolle mooglik te beheinen.

It haadkantoar fan Wetterskip Fryslân yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân

It wetterskip sil takom jier 86 miljoen ynvestearje yn ûnder oare de renovaasje fan de wettersuveringsynstallaasjes fan It Hearrenfean en Ljouwert.

Lykas ôfrûne jier ôfpraat is, bliuwt it omheech gean fan de wetterskipslêsten yn 2021 gelyk oan de ynflaasje. Dat betsjut dat húshâldingen mei in eigen wenning fan 200.000 euro likernôch trije euro mear betelje foar it wurk fan it Wetterskip. De ferheging jildt net allinnich foar húshâldingen mei in eigen wenning, mar ek foar oare soarten fan húshâldens en bedriuwen.

Bewuste kar

Neffens Bé de Winter, dy't oer de sinten giet by it Wetterskip, is it in bewuste kar om gebrûk te meitsjen fan de reserveposysje om de begrutting slutend te meitsjen.

"Dat de kosten heger binne hat te krijen mei ûntwikkelingen dy't meitsje dat de útjeftes omheech gean. Ik neam de salariskosten en de ôfskriuwingskosten. Mar ek dat we bygelyks in heal miljoen euro mear betelje moatte oan it Ryk foar de duorsume enerzjy. Dat moatte je dan wer opnimme yn de begrutting", seit De Winter.

It algemien bestjoer moat noch wol grien ljocht jaan foar de begrutting mei dat tekoart fan 6,5 miljoen. It bestjoer sil dêr op 15 desimber oer prate.

Ferslachjouwer Onno Falkena yn petear mei Bé de Winter

(Advertinsje)
(Advertinsje)