De striid fan Elly tsjin alfleisklierkanker mei help fan dokter Van Eijck

19 nov 2020 - 18:43

Professor Casper van Eijck fan it Erasmus-sikehûs yn Rotterdam kaam op 19 novimber, Wereld Alvleesklierkankerdag, mei moai nijs: hy hat geweldige risseltaten behelle mei in nije behanneling fan dizze slopende sykte. Elly Breeuwsma út Ljouwert hat al trije jier alfleisklierkanker. Sy is ûnder behanneling by Casper van Eijck en hopet dat se yn de folgjende faze fan syn ûndersyk meidwaan kin.

Alvleesklierkanker

It is noch ôfwachtsjen oft Elly meidwaan kin oan it ûndersyk. Der leit in oanfraach foar in ferfolchstúdzje mei sa'n sechstich oant tachtich pasjinten. Oft Elly Breeuwsma dêrfoar yn de beneaming komt, is noch mar de fraach, want de kritearia binne hiel strang. Fansels hopet Elly dat se by dy groep sit, mar oan de oare kant wol se net te fier foarút sjen: "Ik haw dizze jierren wol leard om yn it momint te libjen. Ik sjoch net foarút. Hjoed is hjoed en moarn is moarn."

Fage klachten

Yn de simmer fan 2017 kriget Elly wat fage klachten. As har fel en eachwyt giel wurdt, folget in ûndersyk. Telefoanysk wurdt de útslach meidield: alfleisklierkanker.

Alle jierren krije trijetûzen minsken yn Nederlân dy diagnoaze. Fan harren ferstjerre njoggen fan de tsien binnen in jier. Alfleisklierkanker is dêrmei de op-ien-nei deadlikste foarm fan kanker.

Elly Breeuwsma - Foto: Omrop Fryslân, Geartsje de Vries

"Ik haw gelok hân", seit Elly. "Der wiene gjin útsaaingen en ik koe operearre wurde." By dy operaasje is de tumor fuorthelle en dêrnei folgje in healjier fan gemokueren. Op de scan die bliken dat de behanneling oanslein wie. Der wiene gjin kankerplakken mear te sjen.

Tebeksetter

De tebeksetter komt nei in heal jier: lytse plakjes op de longen en de lever. Elly beslút dan om kontakt te sykjen mei professor Casper van Eijck yn it Erasmus-sikehûs. "Ik hie alris wat oer de man lêzen en oer syn ûndersyk nei in behanneling."

Persoanlike oandacht

"Yn it MCL waard my ferteld dat der neat mear oan te dwaan wie en dêr woe ik my net by dellizze. Doe haw ik in mail stjoerd nei Casper en binnen in oere kaam der in antwurd. Ik fyn it hiel bysûnder dat sa'n drokbeset man sa'n persoanlike oandacht hat foar syn pasjinten."

Sûnt dat mailtsje is Van Eijck har behanneljend dokter. De ûndersiken wurde wol yn it MCL dien en dan gean de útslaggen nei it team fan Van Eijck dy't dan dêrnei mei it MCL kommunisearret oer de te nimmen ferfolchstappen.

Yn de animaasje hjirûnder wurdt op in ienfâldige wize útlein hoe't de terapy dy't Van Eijck en syn team ûntwikkele hat, krekt wurket:

animaasje therapie Alvleesklierkanker

Fan't maitiid gie der wat mis yn de kommunikaasje. Elly waard hiel siik trochdat se de gemokuer dy't se hawwe moast, eins te let krige. "Ik haw hiel siik west en ik haw ek wolris de moed opjûn. Mar ast dan de útslaggen fan de scan krijst en it docht bliken dat de kuer wol wat dien hat, dan witst wer wêr'tst it foar dochst."

Op dit stuit sit se wer middenyn in gemokuer. As dy klear is, besjocht Van Eijck wat der fierder noch mooglik is oan behannelingen.

Support Casper

Underwilens set Elly har yn foar de kampanje Support Casper. Oprjochte troch neibesteanden fan alfleisklierkankerpasjinten, mei it doel jild byinoar te bringen foar it ûndersyk dat Casper van Eijck en syn team dogge.

Yn de omkriten fan Rotterdam hat de kampanje in protte bekendheid, mar yn de rest fan it lân noch net en dat moat oars, fynt Elly. Se hat har neef Jan Posthuma ree fûn om ambassadeur foar Support Casper te wurden. "Allegearre bekende Nederlanners binne ambassadeur: René van der Gijp, Ronald Koeman en Hans van Breukelen. Jan is bekend troch syn follybalkarriêre."

Jan Posthuma - Foto: Omrop Fryslân, Geartsje de Vries

Jan Posthuma hoegde net lang nei te tinken doe't Elly him frege: "Gjin sekonde. Ik haw in spesjale bân mei Elly trochdat ús memmen twillingsusters binne. It is ferskriklik belangryk dat der jild komt foar dat ûndersyk. Ik kin op dizze wize in bytsje meihelpe en dat doch ik graach."

Jan hat sels kanker yn 'e noas hân. "Ik wit in bytsje hoe't it is, al is dat net hielendal wier, want elke pasjint belibbet it op syn eigen manier. Mar it hat wol meispile."

Yn it programma Buro de Vries fan snein 22 novimber (11:00 - 12:00 oere) in radiodokumintêre mei Elly Breeuwsma, Jan Posthuma en Casper van Eijck. Dat is in hiel persoanlik dokumint wurden fan Omrop Fryslân-ferslachjouwer Geartsje de Vries dy't al tritich jier befreone is mei Elly.

Ferslachjouwer Geartsje de Vries oer it nijs

(Advertinsje)
(Advertinsje)