UPDATE: A32 wer iepen nei ûngelok by It Hearrenfean
De A32 tusken It Hearrenfean en Wolvegea hat tongersdeitejûn goed twa oeren ticht west nei in ûngelok. In auto wie op in frachtwein botst.
De auto en frachtwein ha troch it ûngelok grutte skea oprûn en moasten fuortsleept wurde. De bestjoerder fan de auto waard neisjoen troch it ambulânsepersoniel. It is net dúdlik hoe't it ûngelok barre koe.