Haadsponsor Cambuur stiet iepen foar rol as projektûntwikkelder nij stadion

19 nov 2020 - 17:09

De haadsponsor fan SC Cambuur, bougroep Dijkstra-Draisma, stiet iepen foar in rol as projektûntwikkelder fan it nij te bouwen Cambuurstadion. Dat seit Dirk Jan de Rouwe fan it boubedriuw op de fraach hoe't it fierder moat no't ûntwikkelder Wyckerveste him woansdeitejûn weromlutsen hat.

Foto: Orange Pictures

"Wij willen er alles aan doen om het nieuwe stadion mogelijk te maken. Zo hebben we vanaf het begin in de wedstrijd gezeten", seit De Rouwe. "We staan ook zeker open om te onderzoeken of wij misschien als projectontwikkelaar een rol kunnen spelen. We hopen in elk geval op een oplossing, op wat voor manier dan ook."

Gearwurking mei Van Wijnen?

Boubedriuw Van Wijnen, dat yn de plannen fan Wyckerveste it stadion bouwe soe, ûndersiket ek oft it bedriuw in rol as projektûntwikkelder spylje kin. "Dat zijn allemaal dingen die we moeten onderzoeken. Het nieuws is natuurlijk nog vers, dus het is voor ons even kijken hoe een en ander nu verder gaat. Er zijn in ieder geval nog geen gesprekken gevoerd. Het is natuurlijk gisteravond pas bekend geworden."

Dirk Jan de Rouwe fan bougroep Dijkstra-Draisma

Woansdeitejûn waard bekend dat ûntwikkelder Wyckerveste der net útkaam wie mei ROC Friese Poort. Neffens Remco Meijerink fan it kolleezje fan bestjoer fan de skoalle wie it ferskil tusken wat Friese Poort betelje woe en wat de projektûntwikkelder hawwe woe foar in skoalle yn it nij te bouwen Cambuurstadion gewoanwei te grut. Neffens him wie it ferskil tusken beide partijen ferskate miljoenen oer in hierperioade fan 15 jier. De ûnderhannelingen oer it ferskil sieten fêst.

'Bouw van supermarkten gaat door'

Dijkstra-Draisma siet by it begjin fan it projekt ek tegearre mei Wyckerveste yn de saneamde Stichting Ontwikkeling Cambuur (SOC) BV. Dat is op papier de offisjele projektûntwikkelder. In skoft lyn hat it bedriuw him weromlutsen út de SOC, seit De Rouwe. "Er was wat onenigheid met het WTC, en met ROC Friese Poort. Toen hebben wij gezegd, wij willen doen waar we goed in zijn en dat is bouwen. Toen hebben we onze rol in de SOC afgeschaald, en zijn we als aannemer bij het project betrokken gebleven."

It bedriuw soe as oannimmer in wichtige rol spylje yn de hiele gebietsûntwikkeling. "Voor ons is dit ook een zure appel. Wij zouden veel gaan bouwen, dat valt nu weg. Wat wel doorgaat is de bouw van twee supermarkten waar we al mee bezig zijn op het terrein. Ook de appartementen aan de Snekertrekweg, die onderdeel van het plan zijn, bouwen we af. Het is dus niet allemaal slecht gegaan de afgelopen jaren."

(Advertinsje)
(Advertinsje)