'Tink om bisten by protesten fjoerwurkferbod'

19 nov 2020 - 17:01

Bisteleafhawwers meitsje harren soargen oer mooglike protesten tsjin it fjoerwurkferbod. Op sosjale media stean berjochten oer manmachtige demonstraasjes freed- en sneontejûn. Dêrby wurdt in soad knalfjoerwurk ôfstutsen.

Bisten en fjoerwurk

Bistedokters fan A7Noord Dierenartsen yn Drachten en Burgum roppe op om húsdieren safolle mooglik binnendoar te litten of hâlden of bûtendoar oan de line te hâlden. Hûneskoalle Martine yn Burgum warskôget op Facebook foar de stress dy't de aksjes by de bisten opsmite kin. Bistedokter Marleen Snider fan A7Noord is der net gerêst op dat de protesten sûnder stress by bisten plakfine sille.

'Fjoerwurk ferbiede'

"Waar ik vooral niet gerust op ben is het feit dat het op zo'n korte termijn wordt aangekondigd. Dus mensen kunnen zich er niet op voorbereiden en hun huisdieren ook niet."

Foto: Omrop Fryslân

Fan guon hûnebesitters mei fjoerwurk hielendal wol ferbean wurde. De wetterhûn fan Marjan Stork is deabenaud foar fjoerwurk en dy stekt har oare twa hûnen oan.

"Ik fyn de protesten flauwekul. Lit se it mar ferbiede. Ik haw alle kearen in soad kosten by de bistedokter en de hûn is dagenlang hielendal fan de kaart."

Ruten en gerdinen ticht

Snider hat wol advys: "Doe ramen en gordijnen dicht, zet een muziekje aan, creëer een ontspannen sfeer. Als eigenaar kan je de stress versterken, dus let op je eigen gedrag. Stimuleer niet te veel het angstige gedrag en negeer paniek. Probeer je huisdier af te leiden met een spelletje of voeding."

Trefwurden: 
bisten fjoerwurk
(Advertinsje)
(Advertinsje)