Operaasje Fryske Flagge: Louise Groen is de Fryske ambassadeur yn Genève, Switserlân

19 nov 2020 - 16:53

Fan alle lannen op ierde is fan de flagge in emoji, mar net fan de Fryske flagge. Om dêr feroaring yn te bringen, hat Omrop Fryslân Operaasje Fryske Flagge betocht. De Fryske flagge moat yn de list fan emoji's komme, mar dat slagget ús net allinnich. Dêrom kinne Friezen om utens harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Ien fan dy Friezen is Louise Groen, dy't as au pair nei Genève yn Switserlân gien is, en dêr hingjen bleau.

Foto: Louise Groen

Genève is in aardich eintsje út de rjochting fan wêr't Louise weikomt, út Peazens. "It is al oars. It wie wol efkes wennen. Peazens is fansels in hiel moai doarp, mar hjir komst wol yn in wrâldstêd telâne. It hat in hiel oare kultuer, in hiel protte kultueren ek. Mar ik bin hjir no wol aardich wend."

Doe't Louise net rjocht wist hoe't it mei in stúdzje moast, hat se har oanmeld op in webside as au pair. "Der wiene meardere minsken dy't dêrop reagearren. Ut Kanada, Tokio, en ek ien út Genève. Dy lêste hie in piano yn 'e hûs en dat spylje ik as hobby. Dus doe bin ik hjir mar hinne gien." Hie der in piano yn Tokio stien, dan hie se no faaks dêr sitten. "Mar de ôfstân spilet fansels ek mei. Gewoanwei, foar de corona, wiest mei oardel oere wer yn Nederlân."

In ambassadeur yn Switserlân

Sa no en dan fielt Louise de ûnwennigens nei Fryslân wol. Se fielt har dan ek mear Fries as Nederlanner. "Ik fertel hjir ek altyd oan eltsenien, wannear't se freegje wêr't ik weikom, dat ik net út Nederlân mar út Fryslân kom. Dan lis ik út dat wy ús eigen taal hawwe en dat alles der krekt in bytsje oars oan ta giet."

Soest har sels wol in Fryske ambassadeur yn Genève neame kinne. "Se wolle hjir ek in kear fierljeppe. Dat haw ik se al oanpraat." Spitigernôch binne yn Genève net in soad polzen te keap. Wat fierder it plattelân yn kin der faaks noch wol ris oer berchstreamkes hinne ljept wurde.

Gjin piano, gjin Louise

Wat de takomst oanbelanget, hat se noch gjin dúdlike plannen. "Sa't it no stiet, bliuw ik hjir noch twa jier, foar skoalle en myn wurk. Dêrnei wol ik eins noch wol wat fierder de wrâld yn. Miskien nei Yndia. Dêr wat oan it wurk gean."

Hoe't dat allegear komt, wit se noch net. Eins wol se úteinlik ek wol werom nei Fryslân, ek al stiet dat no noch net op de planning. Mar wêr't se ek bedarje sil, as har wurkjouwer gjin piano hat, dan komt se net.

Operaasje Fryske Flagge: Louise Groen

Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel: foarinoar krije dat der in Fryske flagge-emoji komt.

Meidwaan? Stjoer dyn foto yn fia de Operaasje Fryske Flagge-side. Alle wiken belje we yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân mei in Fries om utens.

Al mear as 180 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)