27 besmettingen yn Snitser wensoarchsintrum Frittemahof: "Je kinne it hast net foarkomme"

Yn wensoarchsintrum Frittemahof yn Snits binne sechstjin bewenners en alve meiwurkers posityf test op it coronafirus. Fiif fan de bewenners binne oerpleatst nei it Covid-hûs op It Hearrenfean. Ien bewenner is oan it firus stoarn.
© Google Street View
"Het is ons lang gelukt om besmettingen met het coronavirus buiten de deur van Frittemahof te houden", skriuwt soarchkoepel Patyna oan de neisten fan de bewenners. "In de tweede coronagolf greep het virus echter genadeloos om zich heen."
Alle bewenners sitte op it stuit yn it eigen appartemint. Der wurdt net previntyf test, mar allinnich as se klachten ha dy't op it coronafirus tsjutte kinne.
"Je kinne it hast net foarkomme", sa seit Margreet de Graaf fan de GGD. "It is hiel slim foar elkenien dêr en de meiwurkers, mar moatst dy foarstelle dat guon huzen gewoan minsken yn in húskeamer ha, dat kin ek net oars. Dan kinne je hast gjin ôfstân hâlde. Dêr passe se yn sa'n hûs goed op, mar as it ien kear yn sa'n hûs is kinne je it net mear yndamje."

Aktiviteitegroep wie de boarne

It docht bliken dat in aktiviteitegroep de boarne is fan it grutte tal besmettings. "Ferline wike freed hiene wy ús earste bewenner dy't posityf teste, dêrnei ha wy de oare bewenners ek testen en doe die bliken dat it grutste part fan de bewenners dy't dêr te gast is posityf test", sa seit regiomanager Henk Hijlkema fan Patyna.
Dat meardere bewenners siik waarden, foel it personiel earst net op, fertelt Hijlkema. "Wat wy yn de twadde golf sjogge is dat minsken der minder siik fan lykje te wurden. Dat makke ek dat de minsken dy't op de groep oan it wurk wiene it net yn de gaten hiene."

Sluting

Doe't de earste besmettings oan it ljocht kamen, moast dêrom gau oergien wurde nei it sluten fan de lokaasje, sa seit Hijlkema. "Doe wie de sniebal oan it rôljen en moasten wy der gau ta oergean om de hiele lokaasje te sluten, omdat bewenners út it hiele hûs dêr komme." Bewenners fan Frittemahof mei foarearst gjin besite krije.

Besmette meiwurkers

Ek alve meiwurkers ha it firus oprûn, wêrtroch't der wolris personiele problemen ûntstean kinne. "It pipet en kreaket fansels oergryslik. Wat we wol sjogge is dat der op momint dat der in útbraak is, wurdt der in oergryslike prestaasje levere." Dochs komt it der op oan foar de meiwurkers, seit Hijlkema. "Omdat je ekstra wurkje moatte om sike kollega's te ferfangen en omdat je foar de minsken dy't besmette binne, mei allegear persoanlike beskermingsmiddels oan it wurk moatte."
Henk Hijlkema fan Patyna