Drint komt oan it roer te stean fan Stellingwarver Schrieversronte

19 nov 2020 - 16:07

De Stellingwarver Schrieversronte, dy't de Stellingwerfske dialekten stimulearje wol, krijt takom jier in nije direkteur. De 52-jierrige Abel Darwinkel, in Drint dy't yn Appelskea wennet, sil it stokje fan 2021 ôf oernimme fan Sietske Bloemhoff.

Abel Darwinkel - Foto: Abel Darwinkel

Darwinkel is berne yn it noarden fan Drinte. Hy praat in oar soart Nedersaksysk as it Stellingwerfsk, al liket it der wol in soad op. De nije funksje betsjut dat er him no mear ferdjipje sil yn it Stellingwerfsk.

Ingelsk

Lykas it Frysk wurdt it Stellingwerfsk ek minder faak trochjûn oan de bern as santich jier ferlyn, fertelt Darwinkel. In oare reden fan de delgong fan de taal binne de online-spultsjes. Dy binne wakker populêr binne en suver altyd yn Ingelsk. Darwinkel neamt it foarbyld dat bern net mear sizze 'ik moat ophâlde', mar 'ik moat leave', nei it Ingelske 'to leave' foar fuortgean.

Gelokkich binne der âlden dy't de bern noch wol yn it Stellingwerfsk of yn in oar dialekt grutbringe, seit de takomstiger Schrieversrontedirekteur. Dat docht er sels ek. Hy praat Drintsk tsjin dyn bern en syn frou Nederlânsk.

Status

Jonge bern tinke net sa bot nei oer de status fan in taal, is syn ûnderfining. It giet der mear om hoefolle minsken om harren hinne oft in taal prate. As Darwinkel allinnich thús is mei syn bern, prate dy Drintsk werom, mar de oare deis prate se like maklik Nederlânsk op de berne-opfang yn Appelskea. Bern wolle foaral begrepen wurde, seit er.

Undersyk

Darwinkel fynt it slim as in taal ferdwynt. Mar dan noch is in taalynstitút lykas de Stellingwarver Schrieversronte de muoite fan it bestean wurdich, fanwege it ûndersyk. Ek al praat gjinien dy taal mear. Sa slim is it mei it Stellingwerfsk net dat it op útstjerren stiet, al moatte jo de eagen ek net slute foar de sifers. Dy litte in delgong sjen, yn it Stellingwerfsk likegoed as yn it Frysk.

Abel Darwinkel, nije direkteur Skrieversronte

(Advertinsje)
(Advertinsje)