HEA! In selsmakke draaioargel

19 nov 2020 - 15:04

Fan alles hat er derfoar brûkt: brommerspeaken, in stik stofsûgerslang en de learen beklaaiing fan in bankstel. Theun Zuiderveld fan Feanwâlden hat sân winters boud oan syn eigen draaioargel. En no stiet der in kompleet ynstrumint op de oprit. De blêdmuzyk foar it draaioargel makket Zuiderveld ek sels. De leafde begûn by him al as jonkje op de merke.

HEA! Draaioargel

(Advertinsje)
(Advertinsje)