Gemeenten romje grêven, yn Mitselwier ferdwine 200 grêven

19 nov 2020 - 14:42

Twa Fryske gemeenten litte de kommende tiid op grutte skaal grêven romje dêr't net mear foar betelle wurdt. Yn De Fryske Marren kinne rjochthawwenden harren noch melde. Noardeast-Fryslân is al fierder. Goed 300 grêven binne oanwiisd om te ferdwinen, mear as twahûndert dêrfan yn Mitselwier.

Foto: RTV NOF

De gemeente Noardeast-Fryslân lit de kommende tiid 303 grêven romje, sa meldt RTV NOF. De rjochten dêrfan binne ferfallen en de famylje wol der net mear foar betelje. It giet om tsjerkhôven yn Mitselwier, Ternaard, Burdaard en it hôf oan it Damwâldsterreedsje yn Dokkum. Guon grêven lizze der al sûnt 1935.

Meikoarten ferdwine earst de grêfstiennen en dekstiennen. Dy wurde dan noch tolve wiken bewarre, seit Theo van der Horn fan de gemeente Noardeast-Fryslân.

"Guon famyljeleden wolle gjin grêfrjochten mear betelje, mar hawwe wol belangstelling foar it monumint. Dat kinne se dan yn dy tolve wiken kenber meitsje."

Letter wurde dan de restanten út de grêven oerbrocht nei in sammelgrêf. Guon grêven binne âld, oaren datearje út de jierren '90. De romming giet net neffens in strakke planning. It bart tusken it oare wurk troch. "Sa is in steand monumint bygelyks makliker fuort te heljen as in swiere dekstien", seit Van der Horn.

De Fryske Marren

De gemeente De Fryske Marren wol ek oergean ta it romjen fan grêven. De gemeente die goed in wike ferlyn in oprop oan rjochthawwenden om harren te melden. It giet om sawat 2400 rjochthawwenden. Der is in begjin makke mei de grêven yn de doarpen Eagmaryp, Bantegea en Sniksweach. Op de grêfstiennen dër't it om giet, is ynformaasje plakt. De stickers bliuwe in jier sitten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)