Fytse oer de Ofslútdyk noch jierren ûnmooglik

19 nov 2020 - 14:41

It bliuwt foar fytsers noch jierren net mooglik om oer de hiele Ofslútdyk te fytsen. Dat hat minister Van Nieuwenhuizen tongersdei oan de Twadde Keamer witte litten. Dat kin pas wer as de renovaasje fan de Ofslútdyk klear is. En dy rint jierren fertraging op troch in flater yn it ûntwerp fan de spuislûzen.

Foto: ANP

"De fietsbruggen over de bestaande spuisluizen vormen hierbij de grootste belemmering", skriuwt Van Nieuwenhuizen. "Deze zijn nu verwijderd en er kunnen pas nieuwe fietsbruggen worden geplaatst na de renovatie van de spuisluizen. En juist deze werkzaamheden lopen het langst door." It wurk duorret op syn minst trije jier langer: oant 2025.

Salang't it wurk noch trochgiet, kinne fytsers en kuierders de spesjale fytsbus brûke om de Ofslútdyk oer te gean. "Zodra er weer over delen van de Afsluitdijk kan worden gefietst zullen die delen van het fietspad worden opengesteld", seit Van Nieuwenhuizen ta. De Ofslútdyk is ien fan de grutste bouputten fan Nederlân.

Trefwurden: 
Ofslútdyk fytse
(Advertinsje)
(Advertinsje)