128 besmettingen fêststeld yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren

19 nov 2020 - 14:18

Der binne neffens de sifers fan it RIVM yn de ôfrûne 24 oeren yn Fryslân 128 nije besmettingen mei it coronafirus fêststeld. Dat binne der mear as woansdei, doe gie it om 116 nije besmettingen. It is it heechste oantal besmettingen yn in lytse trije wiken tiid.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

De measte besmettingen binne fêststeld yn Súdwest-Fryslân, dêr giet it om 45 minsken. Dêrnei folgje Ljouwert mei 18 en Waadhoeke en De Fryske Marren mei elts 9 besmettingen.

Der binne 3 minsken it sikehûs yn rekke yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren. Ek binne der 3 minsken ferstoarn: twa yn Súdwest-Fryslân en ien yn Waadhoeke.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)