Gjin Alvestêdetocht mei coronaregels, ek net as der genôch iis leit

19 nov 2020 - 23:01

Mocht der genôch iis lizze, dan noch soe in Alvestêdetocht op dit momint net trochgean. Dat hat Keninklike Feriening De Friesche Elf Steden besletten. Mei de hjoeddeiske coronasituaasje is it net mooglik om de tocht op in feilige wize te organisearjen. It meast wichtige punt is de 1,5 meter-maatregel.

Foarsitter Wiebe Wieling oer it beslút:

De Friesche Elf Steden

De maatregel om 1,5 meter ôfstân fan inoar te hâlden is der noch net ôf: allinne as dat it gefal is kin der neffens de feriening in tocht organisearre wurde. It bestjoer hat hope dat de situaasje ferbetteret en dat der oan de ein fan jannewaris of it begjin fan febrewaris noch wol wat mooglik is. Dus folslein útslute wol it bestjoer in Alvestêdetocht ek net. As der foldwaande iis leit en it mei de coronamaatregels wol mooglik is, seit it bestjoer binnen 48 oeren in Alvestêdetocht organisearje te kinnen.

Wiebe Wieling, de foarsitter fan De Friesche Alvestêden, seit dat it bestjoer net in oardel-meter-útfiering fan de Alvestêdetocht organisearret. "Ast sjochst nei de sitewaasje fan it firus, dan is de kâns hiel grut dat de tocht net troch giet dit jier. Wy sizze wol, as it ein jannewaris, febrewaris oars wêze soe, en it iis leit der, dan kinne wy dat yn twa dagen organisearje. It is net hielendal útsletten, mar de kâns wurdt wol tige lyts."

Alternativen fan 'e baan

Der is ek sjoen nei alternativen: bygelyks in Alvestêdetocht foar allinne de wedstriidriders of foar minder riders as gewoan. Mar neffens it bestjoer is dat net wurkber en wie der ek net genôch draachflak foar. Foar alle ûnderdielen is besjoen oft se organisearre wurde kinne binnen oardel meter, sa seit it bestjoer. Neffens harren binne der foar elts ûnderdiel apart wol oanpassingen te betinken, mar it soe yn de gearhing ûnmooglik foldwaan oan de easken.

Se fine it dêrby net ferantwurde om in evenemint foar hûnderttûzenen minsken te organisearjen. Ek soe in tocht ekstra druk op sikehuzen en medyske stipe lizze kinne.

Publyk by de lêste Alvestêdetocht yn 1997 - Foto: ANP

Reedryd-coach Jillert Anema liket teloarsteld, dat it bestjoer dit beslút no al naam hat. "Ien fan de dingen dy't ik dan tink is: in goede coach hat twa oplossingen foar in probleem, in topcoach hat fjouwer oplossingen. Mar ik ried elkenien oan: tink earst sil ik wol of net wat dwaan oan in probleem? Dan hawwe je acht oplossingen. En dat ried ik it Alvestêdebestjoer ek oan, neat dwaan", sei Anema.

De coach woe fierder net reagearje: "Ik tink dat dat wol genôch seit."

Jillert Anema oer it beslút fan it Alvestêdebestjoer

(Advertinsje)
(Advertinsje)